Aant Mulder: Murdefamylje

augustus 11, 2020 07:00

Kollum

Doe’t yn 2012, leau ’k, besletten waard om yn 2024 op te hâlden mei de nertsefokkerijen, hie nimmen noch heard fan koroana. Dat is no oars en dêr kinne de nertsefokkers oer meiprate. Op dit stuit binne 27 fan de 130 bedriuwen besmet mei it koroanfirus, dat maklik fan nerts op minske oergean kin, sa’t bliken dien hat. Fan dy 29 bedriuwen binne alle nertsen deamakke. Wat der fierder barre moat, dêr wurdt oer praat. As alle nertsebedriuwen yn 2024 dochs ticht geane, wêrom dan no net trochpakke, soe men sizze. Hawar earder of letter sil dat der dus fan komme en dan binne der te uzes gjin Amerikaanske nertsen mear.

Nertsen, dat binne martereftigen. As de nertsebedriuwen ticht binne, binne der noch genôch fan dy soarte dy’t hjir yn it wyld omrinne, gewoan om’t se hjir hearre. Der ha tiden west dat der mear, mar ek dat der minder wiene. De lêste tiid komme se wer yn it nijs om’t greidefûgels der aardich lêst fan ha kinne. Yn ús omkriten ha we ornaris te krijen mei trije soarten: murden (bunzingen), wezelingen (wezels) en harmelingen (hermelijnen). Dy trije dogge derta, mar wa’t sa’n bistje sjocht, wit hiel faak net hokker oft it is. Dat komt net allinne trochdat dy bistjes opinoar lykje, mar ek om’t se foarkar foar it tsjuster ha.

 

foto © Japke Swaan

Hawar dizze bistjes dy’t der hielendal by heard ha, wurde no predatoaren neamd. Bistjes dy’t men kwyt wol om aaien, piken en oar bisteguod te beskermjen. Dat falt lykwols net ta, want hoewol’t se net ûnder de bedrige bistesoarten falle, mei der likegoed net op jage wurde. Der ha oare tiden west. Guon arbeiders, benammen yn de Wâlden, wisten gauris murden te fangen. Dêr barden se in pear sinten foar. Dat murdejeien wie hânwurk dat dien waard mei in hûntsje, in murdehûn, ornaris in wetterhûn. It wie benammen de murd dêr’t it om gie. Oer harmelingen en wezelingen hearre we minder.

‘De murd hinget him yn ’e mouwe en docht alle war om him te biten.’

Dêr wiene grif minder fan, mar it kin foar in part ek te krijen ha mei de oerlevering en wat der dus yn boeken oer skreaun is. Fan murden yn boeken kin ik maklik foarbylden neame. Dat slagget foar harmelingen en wezelingen eins net. Ik tink oan it berneboek dat S. Bangma yn 1986 skreau: Dûm de murd en Rink van der Velde hat ek prachtich oer murden skreaun. Ik neam twa boeken: Feroaring fan lucht fan 1974 en Sa wie ’t sawat fan 1997. It is in aardichheid en lês soks opnij. In lyts stikje út Feroaring fan lucht:

En nou der om tinke, Bijke. Aens spat er der út, flústert Durk. Mar de murd spat net mear. Durk fielt him:
de murd sit fêst. Durk grypt op goed gelok en skuort him der út. De murd hinget him yn ’e mouwe en docht
alle war om him te biten.

Dat dizze trije bistjes der gewoan by hearden docht ek bliken as it om de taal giet. Fan de harmeling falt net folle te sizzen en dat hie ’k eins ek wol ferwachte. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet: ‘in rôfdier út it slachte fan ’e wezelingen, dat by’t simmer brún mei wyt is en by’t winter alhiel wyt mei in swarte punt oan ’e sturt’. Fierder wurdt dêr net folle oer sein, of it soe wêze moatte dat it bûnt fan de harmeling gauris foar keningsmantels brûkt waard. Tink oan dy swarte punten middenmank it wyt yn sa’n mantel. Aldergelokst is de harmeling net in bistje om te fokken wurden.

Oer de wezeling wurdt sein dat it in lyts skou rôfdierke út ’e murdefamylje is, werkenber oan it brúnread mei in wyt boarstje. In lef, bang en skou persoan neame we dêrom wol in wezeling. Immen mei in smelle rêch hat in rêch as in wezeling en men kin sa bang, fluch, linich, stom as in wezeling wêze. De ynwenners fan guon doarpen wurde ek wezelingen neamd. Freegje my net wêrom.

foto © Japke Swaan

Dan kom ik by de murd. Dat is in hiel oer ferhaal. In murd is in lyts brún rôfdier, dat fijannen op ôfstân hâldt troch in stjonkende rook ôf te jaan. Guon ynwenners fan guon plakken waarden ek wol murden neamd. Ik sil de plakken mar net neame. Dat de murd ús eigen wie, docht wol bliken út it grutte ferskaat oan taaleigen. In pear foarbylden: fjochtsje as in murd (fûleindich fjochtsje), in murd fan in jonge (in slûchslimme jonge), raze/tsiere as in murd, as murden, stjonke as in murd, sjen as in murd foar it goatsgat (benaud sjen). Der is ek wol in sprekwurd: Men fangt ek wolris in murd yn in rottefalle. In liepert lit him ek wolris ferrifelje.

Ik wol noch ien martereftige neame. Dat is de stienmurd, in nijeling yn ús fermidden. Om 1980 hinne waard dat bistje yn it suden fan ús lân sinjalearre. Stadichoan binne dy stienmurden troch de eastlike provinsjes fan ús lân diskant útkommen.Yn dat part fan ús lân komme de stienmurden faak en folle foar, mar ûnderwilens hat dat bistke de oare provinsjes fan ús lân ek wol ûntdutsen. It moatte der no wol sa’n 15000 wêze. De stienmurd is krekt as de oare famyljeleden in net bedrige soarte, mar der mei likegoed net op jage wurde. Minsken dy’t te krijen hân ha mei in stienmurd ûnder de autokap of yn en om hûs sille net altyd like bliid wêze mei dy beskerming fan dy stedsmurd, sa’t er ek wol neamd wurdt.

Dat, fan ien ding binne we wis, as de nertsen fuort binne rinne hjir noch aardich wat oare famyljeleden frij rûn.

By de foto’s fan Japke Swaan: Stienmurden om eigen ûs en hear.
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 11, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.