Aant Mulder: In wûndermoaie dea of net

augustus 25, 2020 07:00

Kollum

De nijste DE NIJE soarget suver foar opskuor. Dat wie net de bedoeling, mar it hinderet ek neat. No ja opskuor, ik moat net oerdriuwe. It giet mar om in pear reaksjes. De oanlieding ta dat opskuor is it artikel 75 jier toaniel, in fraachpetear dat Folkje Koster mei Bauke Oldenhof hie. Op de digitale krante It Nijs waard dêr omtinken oan jûn. Dat waard dien mei in foto fan Oldenhof en in kwoot út dat artikel. ‘It Frysk stjert in wûndermoaie dea.‘ It artikel is de muoite fan it lêzen wurdich, dat ik soe sizze keapje DE NIJE of lês it sitaat op It Nijs. Der kamen dus daliks in pear reaksjes yn. Dêr moast de Ried fan de Fryske Beweging as útjouwer fan dat blêd it yn ûntjilde. It kaam derop del dat it de Ried ferwiten wurde kin dat it Frysk in wûndermoaie dea stjert en dat dy der dus mar better mei ophâlde kin. Dy reaksje fernuvere my. Ik hie earder in ynhâldlik ferhaal ferwachte. Oan ’e oare kant, dêr wie net folle oanlieding ta.

Yn it foarste plak seit Oldenhof neat wat we net wisten. Hy werhellet eins wat Waling Dijkstra al yn 1894 yn syn feestrede by it fyftichjierrich bestean fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse sei. Twa koarte sitaten: ‘As wy acht jouwe op alle teikens fen ús tiid, den moatte wy wol ta ’t bislút komme: de fryske tael scil de striid om syn bistean op in dûr net folhâlde kinne’ en ‘De fryske tael hat de tarring.’ Benammen dy lêste opmerking is hingjen bleaun. Dijkstra hat it oer de tarring en Oldenhof praat hast 125 jier letter oer in wûndermoaie dea. De Ried fan de Fryske Beweging bestiet noch mar sûnt 1945. Dat ien organisaasje in taal meitsje en brekke kin, dat is tefolle eare foar de Ried! Dat dogge we mei-inoar. Wy dogge dat graach troch inoar wat yn de bek te hingjen, it as Friezen net mei-inoar iens te wêzen. No hinderet dat neat fansels, want it kin jin opskerpje. As we it doel mar net út it each ferlieze.

It docht my dêrom deugd dat ik ek hieltyd faker lês dat we it sels dwaan moatte. Wy moatte it Frysk gewoan faker brûke. Wa‘t no tinkt dat ik samar wat rop, moat de stikken oer de Fedde Schurerbetinking fan okkersneons en oars it ferhaal oer de Frysktalige donorfolder der mar op nei lêze. Dy ferhalen binne allegearre op It Nijs te finen. Twa sitaten. Aant Jelle Soepboer: ‘Foar de takomst! Ik rop jo op, ik rop elkenien op, stean foar jimme taal as wie it jimme kostberste besit. En Chris van Hes: ‘Dit ferhaal is fansels in hiel lyts sukseske, benammen troch ynset fan de LC, de JFM en de deputearre, mar it kin faker en mear. Wy meie ús, as Friezen, dêrom wolris faker hearre litte.’

Dijkstra hat it oer de tarring en Oldenhof praat hast 125 jier letter oer
in wûndermoaie dea.

It is maklik om oaren en dan benammen om oare ynstânsjes de skuld te jaan fan wat mislearret, mar wat dogge we sels? Brûke we it Frysk faak en folle? Folgje we it Fryske nijs op It Nijs en lêze we dat nije tydskrift DE NIJE? Stypje we de ynstânsjes dy’t foar it Frysk opkomme? Of noch better, dogge we mei oan organisaasjes om it Frysk foarút te helpen om sa dy wûndermoaie dea út te stellen of noch leaver om dy foar te kommen?

Dat we oaren de skuld jouwe, moast ik okkerwyks oan tinke, doe’t ik lies dat de Ljouwerter Krante te min oan it Frysk docht. Dat is fansels sa, mar it is tagelyk maklik om de skuld by de krante del te lizzen. Dy stikken foelen my op om’t ik yn dy snuorje my posityf fernuvere oer de Fryske artikels, de Frysk kwotes, de Fryske sitaten. Sa docht de krante dat, begriep ik. Ik fyn dat moai! It betsjut dat Friezen dy’t dat wolle op syn Frysk yn ’e krante komme kinne. Wa’t foar in fraachpetear frege wurdt of oars yn ’e krante komt, moat de krante derop fergje dat dat yn de eigen taal bart. Soe de krante dat net wolle, gewoan wegerje. Mar we binne te gau ree om dy oare taal goed te finen, ús te ferbrekken dus.

No’t ik it oer kranten ha, betink ik ynienen dat ik RondOm, de hûs-oan-hûskranten yn ûnder oaren Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits en omkriten posityf reagearre hat op in skerpe ynstjoerde brief oer in kollum yn dy krante oer wat echte Friezen binne en wat net. Dy ynstjoerde brief late ta diskusje en in oare fyzje op it Frysk, dêr’t ek de Afûk yn behelle waard. Ik lês yn RondOm fan augustus dat Friezen de gelegenheid ha moatte om har ferhaal yn it Frysk te dwaan. Dêr hearre dan sitaten yn it Frysk by. Dat waard noch net dien. Der komt no ek in kollum yn it Frysk yn dy kranten. Dêr sil sjoernalist Johan Vogelzang mei teset. Dat komt dus grif goed. De earste kollum stiet yn de kranten fan augustus. Yn dyselde kranten wurdt ek troch redaktrise Melissa Wijnja it oare belied oangeande it Frysk yn oan ’e oarder steld. ‘Waarom heeft een Fries niet het recht om de krant te kunnen lezen in de eigen taal.’ Dat freget se oan de lêzers. Ik bin suver benijd nei de reaksjes.

Om werom te kommen by it begjin, it is goed dat der in Ried fan de Fryske Beweging is. Dy makket Frysk nijs op It Nijs en it Fryske tydskrift DE NIJE mooglik. De Ried hat grif ek in positive ynfloed op mear Frysk yn de media. Hoewol, op dit stuit jou ik graach de eare oan Jangerben Mulder (gjin famylje). Hy skreau dy ynstjoerde brief. Dêrom fertsjinnet er in plombrief fan de Ried, soe ’k sa sizze. Wy kinne oan him in foarbyld nimme. Wy moatte inoar skerp hâlde, allegearre opkomme foar it Frysk en RondOm lêze! As we dat dogge dan giet it Frysk gjin wûndermoaie dea, mar in wûndermoaie takomst temjitte!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

augustus 25, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe augustus 25, 12:21

    Mulder docht wer ris syn bêst om de saken oars foar te stellen as dat se binne. Net it bestean fan de Ried is ûnderwerp fan diskusje, it belied fan it bestjoer fan de Ried is ûnderwerp fan diskusje. Ienfâldich nei te gean troch efkes te sjen nei de reaksjes op dizze side op it ‘wûndermoaie dea’ stikje.

    Wêrom is dat belied ûnderwerp fan diskusje? Soe dat komme kinne om’t de Ried dingen docht dy’t net elkenien oanstean, en oan de oare kant dingen nét docht dy’t je wol graach wolle? Dan giet it dus oer de polityk fan it bestjoer. Bygelyks: De Nije printet in fraachpetear ôf mei immen dy’t mar wer ris oansetten komt mei de ûndergongsfoarsizzing, en De Nije en ItNijs miene ek noch dat it gaadlik is om sa’n foarsizzing te brûken as de reklame-slachsin foar it nûmer yn kwestje.

    Fraach: is it om de doelstellingen fan de Ried te heljen gaadlik om sokke bylden oer de takomst fan it Frysk út te suteljen? Mulder stiet dêr net by stil en wiist op de lange skiednis fan sokke bylden. Hy komt mar wer mei Waling 1894 oansetten. Hy hie likegoed Joast Halbertsma oanhelje kinnen, fyftich jier earder, of wa dan ek. Pieter Breuker hat oer sokke ûndergongsfoarsizzingen in prachtich stik skreaun. Soarch oer de takomst fan de taal is poerbêst, mar as dêr gjin maatregels en aksjes út fuortkomme, dan is it oars net as gûle tsjin de moanne.

    Oar foabyld: is it bestjoer fan de Ried net yn ien boatsje stapt mei de hearen Verf en Mulder mei har ideeën foar in net-brede, net-maatskiplike, net-diskusje oer it Frysk?

    Noch in foarbyld: wegeret it bestjoer fan de Ried net – lykas dat fan de FNP – om juridyske stappen te nimmen tsjin it ûnderwiisbelied yn Fryslân?

    Lêste foarbyld: kaam it idee foar in alternative Schurer-manifestaasje fan it bestjoer? Nee, dat kaam fan de Jongfryske Mienskip.

    It giet net om lekskoaien en inoar yn ‘e bek hingjen, Mulder. Dat is de standert reaksje fan de Ried as er krityk krijt. O, dêr hawwe wy wer in lekskoaier. In kwerulant. In kreauwer. In sljochtseurder om ‘e nocht. Dy stratezjy is like âld en like fersliten as de ûndergongsfoarsizzingen en de bestjoersleden. Soks docht net inkeld de minsken ûnrjocht dy’t besykje in iepenbiere (‘brede’, ha, ha) diskusje los te meitsjen oer de maatregels dy’t noadich binne om ús taal en ús literatuer oerein te hâlden. Soks tsjûget ek fan anty-demokratysk tinken en reewilligens om diskusjes te ferbaljen, of as dat net kin, foar eigen foardiel te manipulearjen.

    Ik bin it net iens mei de politike line dy’t de Ried en de FNP (net) hawwe yn de taalstriid. Sa simpel is it. No Mulder wer.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.