Aant Mulder: Groulivigens

augustus 4, 2020 07:00 Fernijd

Kollum

Dêr binne we moai mei yn ’e pronk! Wa hie dat tinke kinnen. Ha we it oer koroana en alles wat dêrmei te krijen hat, giet it ynienen oer groulivigens. Ik hoech my net ôf te freegjen wat koroana en groulivigens mei-inoar te krijen ha, want út de media wei wurdt my dat daliks wol dúdlik. It begjint eins allegearre by Boris Johnson, de Britske premier. Hy hat koroana hân en doe waard him dúdlik dat er eins fierstente grou wie. Sûnt draaft er alle moarntiden in skoftke en dêr fielt er him stikken better by. Johnson wol dêrom dat alle te grouwe Britten ôffalle. Dat is in kampanje wurden. Mear bewege en minder reklame foar fretterij.

Wat yn Ingelân bart om groulivigens werom te kringen, dat wol ús hjirre ek wol oan. Dat nijs dêrwei giet der hjir yn as in preek yn in âlderling. Te uzes wie mear as trijekwart fan de koroanapasjinten op de yntinsive care te swier. Yn dy gefallen wurke it ymmúnsysteem minder goed. Dat moat oars. Dus moatte we ta op sûner iten en der moat reklame, folle mear reklame makke wurde foar sok sûn iten. It giet om sûn en fit! Dat is te uzes net oars as oan de oare kant de Noardsee. Grouwe liven, groulivigens moatte we net wolle!

boarne: pixabay.com

No ha ’k fan sokke dingen net folle ferstân. Neffens my wurdt dêr ek al folle langer oer praat en skreaun. Troch de koroana wurdt dat ûnderwerp suver opnij aktueel. Hawar, dat lit ik mar gewurde. Ik fyn it wol nijsgjirrich dat we der twa wurden foar ha: grou en swier. Dat wurdt hieltyd faker: groulivich en swierlivich. Ik kom beide alteast tsjin. Dy foarmen steane ek yn de wurdboeken. Fan dy eigenskipswurden wurde no ek haadwurden makke: groulivich wurdt groulivigens, swierlivich swierlivigens. Dy foarmen steane noch net yn ‘e wurdboeken.

Ik wol it earst mar efkes oer de wurdsjes swier, swierlivich en swierlivigens ha. It wurdsje swier hat wol sân ferskillende betsjuttingen. Dy sil ik net allegearre opneame. NIjsgjirrich fyn ik it wurdsje swierliddich. Dat komt tichteby swierlivich. Dat betsjut lykwols: swier boud. Dat is dus dochs wat oars en dat jildt ek foar swierens. Dat soe wol brûkt wurde kinne, mar it betsjut earst en meast dat der in poppe ûnderweis is. De frou is dan swier. Swierlivigens moat wol kinne, tink ik, mar de kâns is grut dat we dat dogge om’t Hollanners it oer ‘zwaarlijvigheid‘ ha.

Grou leit wat my oanbelanget mear foar de hân. Yn ’t Frysk ha we it graach oer tsjok en grou, wylst dik fansels hieltyd faker foarkomt. Tsjok sizze we fan dingen as it allinne om ien ôfmjitting, om de trochsneed giet. Tink oan it tsjokke boek fan Sinteklaas. Grou hat te krijen mei de omfang: in grouwe beam, in groubynt en sa. Dat wurd komt dus earder yn ’e beneaming, hoewol’t we derom tinke moatte dat der maklik wat oars mei bedoeld wurde kin. Ik jou in pear foarbylden: groubloedich, groubonkerich en grouliddich sizze stik foar stik wat oer de bou fan in persoan en neat oer it gewicht. In groujonge hoecht net groulivich te wêzen, mar is wol wat âlder as de oare jonges. It moat dus perfoarst grou en groulivich wêze en net wat oars.

Swierlivigens moat wol kinne, tink ik, mar de kâns is grut dat we dat dogge om’t Hollanners it oer ‘zwaarlijvigheid‘ ha.

Mar hoe komme we no by liif? Liif kin ek aardich wat betsjuttingen ha. De earste betsjutting is lykwols: lichem. Soe dy betsjutting bedoeld wurde? Foarbylden: Hast gjin klean om it liif ha en immen tsjin it liif rinne. Dat it likegoed om iten en tefolle iten gean kin wurdt út de folgjende siswize wol dúdlik: man en wiif is ien liif en twa fretstikken. LIkegoed soe de twadde beneamimg ek wol kinne, hoewol’t it dan net om de hiele persoan, mar om de bûk fan dy persoan giet. Net ûnbelangryk yn dit ferhaal fansels. Tink oan: it each is aardich grutter as it liif, in liif as in boargemaster en raar yn ’t liif wêze.

boarne: pixabay.com

It is nijsgjirrich om te sjen dat it wurd groulivigens net yn it Frysk Hânwurdboek stiet en swierlivigens ek net. Tafal? Wat earst eigenskipswurden wiene, binne no ek haadwurden. Dat lykje wurdfoarmingen fan de lêste tiid. Dat jildt net allinne foar dizze twa wurdsjes, mar foar folle mear eigenskipswurden dy’t dan as haadwurden op -ens einigje. Tink mar oan: draachberens, bûchberens, brûkberens, heftigens, ferealens, swiermoedigens en sa fierder. Yn it Frysk Hânwurdboek wurdt gauris ferwiisd nei it efterheaksel -heid. Dus: draachberheid, bûchberheid. Likegoed tink ik dat it faak moaier is en brûk foar sokke begripen in pear wurden. Foarbylden: goed te bûgen foar bûchberens en sa fierder. Foar groulivich, groulivichheid en groulivigens dus: Hy/sy is te grou!

As it moat nim ik groulivigens boppe swierlivigens foar kar. It lykje my beide nijfoarmingen ta, want neffens my seine we ommers gewoan dat immen te grou of te swier wie. It kaam ek minder foar, want der waard oars iten en wurke. Lit ús sizze dat it iten streksum wie en dat wie nedich by it drege wurk fan doedestiden. De ferlieding fan de supermerk bestie noch net, hoewol. prikswiethout foar in pear sinten en sa… Mar dat wie likegoed net te ferlykjen mei wat no mooglik is.

Doe hiene we ek net heard fan obesitas. Dat wie in frjemd wurd, dêr’t we neat mei hiene. No komt it mei en sûnder koroana hieltyd tichter by en neame we it groulivigens. Wa hie dat tinke kinnen. Dat moat oars. Oardel meter ôfstân hâlde is net mear genôch. We moatte sûn ite en drinke en bewege.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

augustus 4, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.