50-jierrich jubileum fan Toppop
Resint ferskynd
Fyftich jier lyn, om krekt te wêzen op 22 septimber 1970, seach Toppop it libbensljocht. It muzykprogramma dat al gau tige by it publyk populêr waard en dêr’t hiele generaasjes mei opgroeiden. De grutste artysten fleagen spesjaal nei Nederlân om yn ’e studio fan Toppop op te treden, mei mister Toppop Ad Visser as gasthear en it ballet fan Penney de Jager. AVROTROS stiet op radio en telefyzje stil by it 50-jierrich jubileum fan dat programmma.

Penney de Jager en Ad Visser (foto: Beeld en Geluidwiki/AVRO – CC BY-SA 3.0 nl)
It bêste fan 50 jier Toppop
Yn Het beste van… 50 jaar Toppop komme de meast opfallende fragminten út it rike Toppop-argyf foarby. Alle wiken kamen der artysten út binnen- en bûtenlân om op te treden. Bekende Nederlanners, lykas Karin Bloemen en Erik van der Hoff (Roberto Jacketti) fertelle oer wat harren heucht en kieze harren favorite nûmer. Fansels binne Ad Visser en Penney de Jager ek fan ’e partij.
Yn de earste ôflevering wurdt mei de gasten weromsjoen nei in jonge André Hazes en de 63-jierrige Zangeres Zonder Naam. Der is ek omtinken foar disko en Earth & Fire mei harren megahit ‘Weekend’.
NPO Radio 5 dûkt ek yn Toppop-ferline
Fan moandei 14 oant en mei 18 septimber dûkt NPO Radio 5 yn it ferline fan it legindaryske telefyzjeprogramma Toppop. Alle dagen binne der portretten te hearren fan minsken dy’t oan it programma meiwurke ha. Hoe wie it om by it nuveraardige optreden fan Iggy Pop te wêzen, dy’t by syn fertolking fan ‘Lust for Life’ besleat om mei it dekôr fan Toppop oan ’e haal te gean? Of hoe is it slagge om Village People nei Nederlân te krijen? De fraachpetearen wurde oanbean fia nporadio5.nl.
Alle dagen wurdt de Toppop Quiz spile mei dêryn ‘de fraach fan Ad’. Ad Visser freget de NPO Radio 5-harkers wat se noch witte oer it programma. Jûns tusken 20.00 en 22.00 oere skoot in gast oan dy’t syn oantinkens oan Toppop ophellet
Utstjoeringen
-> Het beste van… 50 jaar Toppop, fan 5 augustus ôf om 20.20 oere op NPO 3
-> Het verhaal van 50 jaar Toppop, 2 septimber om 21.10 oere op NPO 3
-> 50 jaar Toppop, 14 oant en mei 18 septimber op NPO Radio 5
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje