Ynvestearjen Noard-Nederlân yn wittenskiplik ûndersyk krimp giet troch

july 2, 2020 07:05

Prof. dr. ir Bettina Bock (foto Carla Kogelman)

De bysûndere learstoel Bevolkingsdaling en Leefbaarheid voor Noord-Nederland oan de Ryksuniversiteit Grins wurdt mei fiif jier ferlinge. Bysûnder heechlearaar Bettina Bock ûndersiket ek de kommende fiif jier de kânsen en mooglikheden foar de leefberheid yn krimpgebieten. De provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte meitsje dy ferlinging mooglik.

It wittenskiplik ûndersyk rjochtet him benammen op de tanimmende ferskillen tusken regio’s, brede wolfeart en libbensgelok. Dêrneist wurdt sjoen nei inisjativen lykas fernijingen yn de soarch, dêr’t krimpgebieten har mei fersterkje kinne. De bysûndere learstoel is yn 2015 ynsteld troch de Stichting ter Bevordering van Ruimtelijke Wetenschappen by de Fakulteit Romtlike Wittenskippen.

Sukses
De provinsje Fryslân sjocht dat de bysûndere learstoel yn de ôfrûne fiif jier in sukses wie. Deputearre Klaas Fokkinga is dan ek bliid mei de ferlinging: “Bysûnder heechlearaar Bettina Bock hat mei har ûndersyk en har rol yn it maatskiplik debat in wichtige bydrage levere oan it agindearjen fan de problematyk oangeande befolkingsdelgong en leefberens. Dat docht hja troch mei de media, beliedsmakkers en bestjoerders yn it noarden en dêrbûten yn petear te gean oer de gefolgen fan de demografyske transysje. Ik bin bliid dat de akademyske saakkundigens op dit mêd de kommende jierren beskikber bliuwt. Foar ús, en foar oaren, dy’t der ek weet fan hawwe moatte.”

Befolkingsdelgong
Noard-Nederlân hat noch hieltyd te krijen mei de gefolgen fan befolkingsdelgong en mei in feroarjende gearstalling fan de befolking troch fergrizing en ûntgriening. Yn Grinslân binne trije gebieten oanwiisd as krimpregio: East-Grinslân, Eemsdelta en Het Hogeland. De regio Noardeast-Fryslân hat ek de status fan krimpregio. Yn Fryslân en Drinte binne dêrneist noch ‘antisipearregio’s’. Dat binne regio’s dêr’t krimp ferwachte wurdt. Befolkingsdelgong soarget foar útdagingen op it mêd fan ûnder mear leefberens, foarsjenningen, wurkgelegenheid en de wenningmerk.

Gearwurking
De trije noardlike provinsjes wurkje al jierren mei-inoar gear om de gefolgen fan befolkingsdelgong foar de leefberheid yn kaart te bringen. Fierder diele se kennis en kunde oer suksesfolle oanpakken mei-inoar. Dat dogge se mei de Ryksuniversiteit Grins en de Hanzehogeschool Grins yn it Kennisnetwurk Krimp Noard-Nederlân (KKNN). Troch de ferlinging fan de bysûndere learstoel de kommende fiif jier, kin prof. dr. ir. Bettina Bock trochgean mei har rol yn it maatskiplik en wittenskiplik debat. Net allinne yn ús provinsjes, mar ek op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.

Eftergrûnynformaasje
Prof. dr. ir. Bettina Bock (1960) set har sûnt 2015 as earste bysûnder heechlearaar yn Nederlân op it mêd fan Befolkingsdelgong en Leefberheid mei sukses yn foar it agindearjen fan de gefolgen fan befolkingsdelgong op de leefberheid. Se is sûnt 1996 as plattelânssosjolooch ferbûn oan Wageningen University & Research, dêr’t se yn 2018 beneamd waard ta persoanlik heechlearaar ynklusive plattelânsûntwikkeling. Har ûndersyk rjochtet him benammen op de ynfloed fan ferstedsking op plattelânsûntwikkeling, dêr’t marginalisearre regio’s en groepen sintraal by steane. Wichtige tema’s yn har ûndersyk binne boargerpartisipaasje, ûndernimmerskip, bestjoer en sosjale en romtlike ûngelikens.

 

july 2, 2020 07:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.