Ynskriuwing Anita Andriesenpriis iepen

july 10, 2020 09:20

Anita Andriesen

De Anita Andriesenpriis is in provinsjale priis foar behâld en ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit. Minsken en organisaasjes dy’t har dêrfoar oanmelde wolle of immen kandidearje wolle kinne dat fan hjoed ôf dwaan. De ynskriuwtermyn stiet iepen oant 1 septimber 2020. De priis wurdt fan ’t hjerst útrikt.

Projekten of inisjativen út de perioade fan 1 jannewaris 2015 oant en mei 31 desimber 2019 komme de priis yn de beneaming. It tema foar dizze fjirde edysje is ûntwerpkrêft. De ûnderwerpen klimaatferoaring, lânboutransysje, enerzjytransysje, ferstedsking, mobiliteit, bioferskaat soargje faak foar tsjinstelde belangen. De advyskommisje is op syk nei inisjativen dy’t soargje foar ferbinende perspektiven en duorsum gebrûk fan de romte.

De winner kriget in bedrach fan € 10.000. De priis is ornearre foar de organisaasje fan in publyksevenemint om it projekt fan de winner hinne. Sa kinne de ynwenners fan Fryslân yn ’e kunde komme mei romtlike kwaliteit út it perspektyf fan de winner wei.

De winner fan de priis wurdt keazen troch in advyskommisje, dy’t bestiet út: Sandra van Assen (stêdeboukundige en arsjitekt), Ankie Boomstra (spesjalist keunst yn de iepenbiere romte), Mathijs Dijkstra (lânskipsarsjitekt), Bertus de Jong (lânskipsarsjitekt) en Jelle de Jong (arsjitekt).

De priis is neamd nei politika Anita Andriesen (1957 – 2008). Sy droech romtlike kwaliteit in waarm hert ta. Sy sette har mei grutte krêft yn foar it ‘goud fan Fryslân’: de romte, it lânskip en de kultuerhistoaryske identiteit.

july 10, 2020 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.