Ynklauwerichheid

july 5, 2020 10:33

Skôging

Nei alle gedachten is ynklauwerichheid ien fan de grutste haadsûnden fan de minske. Nea tefreden wêze mei datjinge dat it libben jout, mar altiten mear wolle. Mear, mear, mear.

Yn it museum Nacional el Prado yn Madrid hinget it ferneamde skilderij ‘De sân haadsûnden’ fan Jheronimus Bosch. Dy haadsûnden binne:

1 Superbia (heechmoed, idelens)
2 Avaritia (ynklauwerichheid, gjirrigens)
3 Luxuria (ûnkeinens, lust, gleonens)
4 Invidia (niid, jaloerskens, oergeunst)
5 Gula (skrokkigens, ûnberoaidens, fretterigens)
6 Ira (lilkens, grime, wraak)
7 Acedia (maklikens, loaiens, sleauwens).

foto Matthjis Verkuijl

Alle dagen binne dêr foarbylden fan te sjen. By de lieders fan lannen, politisy, yn de wrâld fan de film, keunst en fansels by grutte bedriuwen, banken. Dêr falt it mear op as yn it deistich libben fan de gewoane minsken. Dêr spilet it grif ek wol, mar it komt net sa gau yn de publisiteit. No wer yn de sikehûswrâld yn Ljouwert. De sân kommissarissen hiene ynienen harren beleanning ferdûbele en dat stilholden foar de bûtenwrâld. Mar it kaam út.

Fuotbalspilers kinne wol folle mear freegje by in klup en meastentiids wurdt dat normaal fûn, mar dat jildt net foar bestjoerders fan ynstellingen. Dêr wurdt in oare noarm foar hantearre. Soks leit folsleins oars, benammen as yn itselde bedriuw besunige wurde moat en sels personiel dien jûn wurdt. Krekt op it stuit dat dy harren werklik foar twahûndert prosint ynset hiene yn de tiid fan de koroanasykte en mei in foai en in aai oer de holle ôfskeept waarden.

Fansels wurdt yn de tarieding fan sa’n ferheging it juridysk goed útsocht en sa nedich it lytste gatsje brûkt om it te rjochtfeardigjen nei de oaren ta: “It kin, dat it mei.” It argumint dat se earne oars – krekt as yn de wrâld fan de banken ensfh. – folle mear fertsjinje kinne, koe spitigernôch net brûkt wurde

It probleem sil altiten bliuwe salang as der minsken binne, tink ik, dat wie al yn de tiid fan Jheronimus Bosch te sjen.

Matthijs Verkuijl

july 5, 2020 10:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.