Ynformaasje donorregister hjirre yn it Frysk te finen

july 8, 2020 12:44

Brosjuere Donorregistraasje

Aksje fan de Jongfryske Mienskip hat fertuten dien. Sûnt earjuster, 6 july, is de ynformaasjefolder oer it nije donorregister net allinne yn it Nederlânsk te besetten, mar ek yn tsien oare talen: Arabysk, Dútsk, Frysk, Frânsk, Ingelsk, Papiamintsk, Poalsk, Sineesk, Spaansk en Turksk. De saak is aktueel; sûnt 1 july jildt de nije donorwet.

Dat de ynformaasjebrochuere ynearsten wol yn in protte oare talen, mar net yn de twadde rykstaal fan Nederlân oerset wie, en de provinsje, sa’t it hjitte, der gjin budzjet foar hie, wie foar de Jongfryske Mienskip oanlieding om in klacht by Tûmba yn te tsjinjen.

Foarsitter Chris van Hes is bliid dat deputearre Poepjes earnst mei de klacht makke. Yn in wike wie it beslikke. Van Hes: “It Frysk moat folle struktureler yn de kommunikaasje fan de Ryksoerheid weromkomme. Yn Fryslân libje wy yn in meartalige situaasje, dêr’t de Rykstalen op basis fan lykweardigens neistinoar yn brûkt wurde kinne. Dat is alteast de teory. Yn de praktyk witte wy wol better.”

De brosjuere is te finen op www.donorregister.nl/voorlichtingsmateriaal/fries.

july 8, 2020 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.