Yndiëbetinking op It Hearrenfean

july 30, 2020 12:43

Betinking 2018

Alle jierren wurdt op It Hearrenfean de pleatslike Yndiëbetinking holden. It seit himsels dat it dit jier yn in oare foarm getten wurdt.

It alternative programma begjint om 19.00 oere by Yndiëmonumint op it Gashâlderplein. Der wurdt in krâns lein, in minút stilte holden en dêrnei wurdt it Wilhelmus songen. Dêrnei rinne de oanwêzigen nei de Trinitastsjerke oan de Coehoorn van Scheltingawei foar it fierdere programma. Dat begjint om 19.15 oere mei in taspraak troch boargemaster Tjeerd van der Zwan. Dêrnei hâldt de Ynspekteur Generaal fan de Kriichsmachten in taspraak dy’t folge wurdt troch de postume útrikking fan it Eareteken foar Oarder en Frede foar Gerrit Vis oan syn famylje.

Der is in neisit mei kofje of tee en wat derby en om 20.30 oere sil programma ôfrûn wêze.

july 30, 2020 12:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.