Wykoersjoch koroansifers 24 oant en mei 30 july 2020  

july 31, 2020 16:02

Fryske sifers bliuwe stabyl
Ofrûne wike binne yn Fryslan 2416 testen útfierd (yn Ljouwert, Snits of Drachten). De wyks dêrfoar wiene dat 2252. By fiif ynwenners waard it koroanafirus oantroffen, dat it totaal tal posityf teste ynwenners is no 650.

It rêstige byld yn Fryslân foarmet in kontrast mei it lanlike, dat noch hieltyd omheechgeande sifers sjen lit. It saneamde reproduksjegetal, dat oanjout hoe fluch oft it firus him ferspraat, lei oant twa wike lyn in skoft ûnder de 1. De fersprieding naam doe ôf. Ferline wike lykwols gie dat sifer fan 1,29 nei 1,4. Dat seit elke posityf teste persoan 1,4 oare persoanen besmet.
It tal stjergefallen dat by GGD Fryslân meld is (69) en tal minsken dat opnommen wurde moast (130) binne beide gelyk oan de wike dêrfoar bleaun.

Foarearst gjin mûldoekjes
Woansdei is lanlik al meidield dat der foarearst noch gjin mûldoekjeplicht is. De oare maatregels bliuwe sa’t se wiene.

Op reis? Dan goed tariede!
Wa’t op fakânsje wol moat goed neigean wat de kleurkoade fan it oangeande gebiet is. Giel (tink derom, riskant) en oranje (inkeld gean as de reis needsaaklik is). De kleurkoade fan in lân is te kontrolearjen op Nederland wereldwijd. Hâld yn it bûtenlân hieltyd de media yn ’e gaten. It kin samar feroarje.

Wa’t út sa’n oranjegebiet weromkommen is en 13 jier of âlder is, moat fjirtjin dagen yn karantêne. Untsteane dan klachten, fuortendaliks teste!

july 31, 2020 16:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.