Wykoersjoch koroanasifers 10 oant en mei 16 july 2020 

july 18, 2020 10:08

Nije testlokaasje Ljouwert 
Op tiisdei 21 juli wurdt in nije testlokaasje yn gebrûk nommen yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. Dêr wurdt de tinte by Izore oan de Jelsumerstrjitte mei ferfongen. De nije lokaasje oan de Brandemeer sit yn in eardere gymnastykseal fan de skoalle dêr tichteby. It gebou hat in eigen yngong en parkearterrein. It gebou is grutter en komfortabeler as de tinte. Der binne ek mear mooglikheden om de testlokaasje út te wreidzjen, mocht dat needsaaklik wurde, ek mei it each op de mooglik lange perioade dat we te meitsjen hawwe mei COVID-19.

Op fakânsje ek teste 
Teste, trasearje en isolearje bliuwt fan grut belang om greep op it firus te hâlden. No’t in soad maatregels ferromme binne, it oeral drokker wurdt en in protte minsken besletten hawwe om yn eigen lân fakânsje te fieren, is it ôfwachtsjen oft dat ek gefolgen hat. Dêrom bliuwt it advys ûnfermindere: by klachten thúsbliuwe en teste litte!

Wa’t op fakânsje yn Nederlân klachten kriget dy’t by it koroanafirus passe, moat him teste litte. Dêr hoege je net foar nei hûs te gean. Bliuw op it fakânsje-adres en besykje safolle mooglik om út de buert fan oare minsken te bliuwen en drokte tefoaren te kommen. Belje foar it meitsjen fan in ôfspraak yn ’e buert fan it fakânsje-adres mei nûmer 0800-1202.
Dat jildt net foar de Waadeilannen. Dêr moat men nei de pleatslike húsdokter foar in test. Minsken dy’t yn it bûtenlân sitte en dêr klachten krije, wurdt frege om har te melden by de pleatslike medyske helpferliening. Folgje altyd de advizen op fan de lokale tsjinsten en freegje dêr om in test.

Undersyk RIVM nei it hâlden en dragen
It RIVM, GGD-GHOR en de mienskiplike GGD’en ûndersykje geregeld wat it firus de minsken docht, harren hâlden en dragen, wat harren miening is oer de oerheidsmaatregels en hoe’t it fysyk, mentaal en sosjaal mei harren giet yn dizze koroanatiid.

De lêste ûndersyksresultaten litte sjen dat in grutte mearderheid fan de dielnimmers noch hieltyd – nettsjinsteande in lichte delgong – achter de koroanamaatregels stiet: gean drokte út ’e wei, hâld 1,5 meter ôfstân en wurkje safolle mooglik thús. Dat is in útdaging, want minsken geane hieltyd faker nei bûten ta en prate faker mei groepkes wat ôf. Dan wurdt it ôfstân hâlden lestiger. It docht bliken dat ôfstân hâlden noch it bêste slagget yn it teäter en de hoareka.

Lanlik dashboard koroanasifers online 
Sûnt koart is it dashboard GGData online mei in oersjoch fan de aktuele, lanlike koroanasifers en de mooglikheid om dy provinsje foar provinsje te spesifisearjen. It jout ûnder mear in siferoersjoch fan posityf teste persoanen, sikehûsopnamen en ferstoarne minsken as gefolch fan koroana wer. It dashboard is ta stân kommen troch gearwurkjen fan data-analisten fan alle GGD’en.

Noat foar de situaasje yn Fryslân: it dashboard makket gebrûk fan in dataset fan it RIVM neffens de gemeenten. Der kinne lytse ferskillen yn oantallen ûntstean trochdat der by de persoansgegevens in gemeente of postkoade ûntbrekt. 

Aktuele sifers yn Fryslân
Ofrûne wike binne fiif ynwenners posityf test op it koroanafirus. Dêrmei komt it oantal ynwenners dêr’t it firus by oantroffen is op 643. Yn de ferpleech- en fersoargingshuzen is dy wike gjinien posityf test. It oantal ferstoarnen dat by de GGD meld is, bliuwt op 69 stean. It tal minsken dat yn in sikehûs opnommen is, bliuwt gelyk (130). De ôfrûne wike hawwe 1879 minsken har teste litten. De foarige wike wiene dat 1634.

Sûnt elkenien mei klachten him teste litte mei (1 juny) hawwe goed 10.000 Friezen dêr gebrûk fan makke. Fan harren teste sa’n. 0,35% posityf.

Opsteld op 17 july.

july 18, 2020 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.