Waarpraatsje: Waar knapt op

july 10, 2020 18:08

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear tige wiete dagen knapt it waar no wat op. De sinne sil faker skine en it wurdt wat waarmer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der flinke opklearringen, mar in bui is noch net hielendal útsletten. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De wyn komt út it westen en is swak, by de kust lâns matich. Mei in temperatuer tusken de 5 en 10 graden wurdt it in hiel frisse nacht.

Sneon wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. Der kin noch in inkelde bui falle. De swakke wyn komt earst út it westen, mar yn ‘e middei giet de wyn nei it noardwesten en is dan matich. It wurdt 18 graden.

Snein bliuwt it drûch. De sinne skynt geregeld en by in swakke noardewyn sil it 19 graden wurde.

Takomme wike leit de temperatuer alle dagen om de 20 graden hinne, mar hielendal stabyl is it noch net.

Jan Brinksma

july 10, 2020 18:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.