Waarpraatsje: Simmersk wykein

july 17, 2020 19:24

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere mar nofilke freed krije wy in simmersk wykein mei waarm waar.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en op guon plakken kin wat damp ûntstean. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Sneon skynt de sinne flink, mar letter komme der ek hingelwolken. De súdweste- oant westewyn is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 20 en 24 graden.

Snein feroaret der hast neat oan it simmerwaar. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 23 graden. De sinne skynt geregeld, mar der binne wis ek hingelwolken.

Takomme wike wurdt it wer frisser en wat ritiger.

Jan Brinksma

july 17, 2020 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.