Waarpraatsje: Rûzich wykein

july 3, 2020 18:49

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed foar it grutste part in drûge dei, mar de wyn boaze yn ‘e middei flink oan. It wurdt in ritich wykein mei in soad wyn.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Mei 14 graden is it oan mylde kant.

Sneon is de loft ek berûn en kin it reine of storeine, mar it is wis net de hiele dei wiet. De súdwestewyn boazet oan en wurdt matich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit tusken de 17 en 20 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt, nei alle gedachten, net hielendal drûch. Der stiet opnij in stûfe súdwestewyn, mar mei goed 20 graden wurdt it wol wat waarmer.

Fan moandei ôf sil it stadichoan stabiler wurde.

Jan Brinksma

july 3, 2020 18:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.