Waarpraatsje: Ritich wykein

july 24, 2020 17:43

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei al wer in kreaze freed mei in noflike temperatuer sjocht it wykein der spitergenoch wat ritich út mar kâld wurdt it net.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn, mar der binne ek in pear opklearringen. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. Mei 14 graden is it myld.

Sneon is de loft berûn en kin it sa út en troch wat (sto)reine. Yn ‘e jûn is der kâns op mear rein, miskien wol mei tonger. De súdwestewyn wurdt matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 21 graden hinne.

Snein feroaret der hast neat oan it waar. Wy sjogge de sinne net folle en by in matige oant frij krêftige westewyn bliuwt it, nei alle gedachten, ek net hielendal drûch. Mei in graad as 19 is it in bytsje frisser.

Takomme wike bliuwt it wat ritich, mar striemin simmerwaar is perfoarst net oan ’e oarder.

Jan Brinksma

july 24, 2020 17:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.