Waarpraatsje: Rêstich simmerwaar

july 12, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in wykein mei noflik simmerwaar. Op de measte plakken bleau it, sa goed as, drûch en de sinne wie der geregeld by. Moandei wurdt ek noch in kreaze dei.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder, mar der is wol hege bewolking. Op guon plakken kin it wat dampich wurde. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it mei 7 graden wer in frisse nacht.

Moandei wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. De westewyn is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt goed 20 graden.

Tiisdei en woansdei it it ritich mei kâns op rein.

Jan Brinksma

july 12, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.