Waarpraatsje: Poerbêst

july 20, 2020 17:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel noflike moandei en it waar sjocht it foar tiisdei en woansdei ek goed út.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar op guon plakken is in lyts buike net hielendal útsletten. De wyn komt út rjochtingen tusken it westen en it noarden en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Tiisdei skynt de sinne flink, mar letter binne der ek wat hingelwolken en der soe in bui falle kinne. By in matige noardwestewyn wurdt it 20 graden.

Woansdei bliuwt it drûch. By in matige noardwestewyn en geregeld sinne wurdt it 19 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it stadichoan wat ritiger, mar it bliuwt noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

july 20, 2020 17:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.