Waarpraatsje: Oanhâldend ritich

july 6, 2020 17:41

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Sinne, bewolking, wat buien en in soad wyn, dat wie it waarbyld fan moandei. It bliuwt ek de oare dagen fan dizze wike ritich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen. De westewyn jout him del en wurdt swak oant matich. Mei in temperatuer tusken de 8 en 11 graden is it in frisse nacht.

Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar letter binne der ek in pear buien. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich. Letter op ‘e dei giet de wyn nei it westen. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Woansdei wurdt, nei alle gedachten, in wiete dei.

Jan Brinksma

july 6, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.