Waarpraatsje: Noflik simmerwaar

july 19, 2020 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in soel wykein en in soad bewolking krije wy no in wike mei kreas simmerwaar, geregeld sinne en it bliuwt, sa goed as, drûch.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. Letter binne der ek opklearringen. De wyn komt út it noardwesten oant noarden en is swak oant matich. It wurdt 12 graden.

Moandei skynt de sinne, mar der is ek wol wat bewolking. By in matige noardwestewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike is it hiel noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

july 19, 2020 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.