Waarpraatsje: Noflik simmerwaar

july 2, 2020 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei noflik simmerwaar, mar der foelen rûnom yn Fryslân wol flinke buien. Freed bliuwt it, sa goed as, drûch.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt in graad as 12.

Freed is der bewolking, mar de sinne lit him ek wol sjen en der kin noch in buike falle. De súdweste- oant westewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Yn it wykein is it ritich mei in soad wyn.

Jan Brinksma

july 2, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.