Waarpraatsje: Moandei ek noch in soad wyn

july 5, 2020 18:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in striemin wykein mei op sneon en sneintemoarn in hiel skoft rein en storein. Der stie boppedat in stive wyn. Sneintemiddei knapte it waar wat op. Moandei waait it ek noch fûl.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is der bewolking, mar der binne ek wat opklearringen. Der kin op guon plakken in bui falle. De weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant hurd. It wurdt 13 graden.

Moandei skynt de sinne geregeld, mar der falle ek in pear buien. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Fan tiisdei ôf wurdt it rêstiger, en it bliuwt ritich.

Jan Brinksma

july 5, 2020 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.