Waarpraatsje: Kâns op in bui

july 14, 2020 18:59

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ferreinde en skiere tiisdei krije wy woansdei wer wat sinne, mar der kin wol in bui falle. It bliuwt koel.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei binne der, nei alle gedachten, in pear opklearringen, mar der is ek bewolking. Der kin boppedat op guon plakken in bui falle. By in swakke oant matige westewyn wurdt it 10 graden.

Woansdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf en falle der yn Fryslân in pear buien. Yn ‘e rin fan ‘e dei komt de sinne der hieltyd better by. De wyn giet nei it noardwesten en is matich. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Tongersdei en freed hâldt it waar noch net oer, fan sneon ôf wurdt it in stik better.

Jan Brinksma

 

july 14, 2020 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.