Waarpraatsje: Gjin waarmte
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – De simmer is it paad efkes bjuster. Waarm en drûch waar mei in soad sinne sit der noch net oan te kommen.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en it soe sa út en troch wat reine kinne. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 13 graden.
Woansdei sjogge wy de sinne ek net folle. De loft is berûn, mar it is dreech te sizzen hoe grut pft de kâns op reinwetter yn Fryslân is. De measte rein falt yn it oare part fan Nederlân. De wyn komt út ferskate rjochtingen en is swak oant matich. It wurdt in graad as 17.
It waar fan tongersdei hat ek net folle mei simmer te krijen. Fan sneon ôf knapt it wat op.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje