Waarpraatsje: De earste dagen noch ritich

july 26, 2020 19:14

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ritige en wiete sneon wie it snein wat better waar. It bliuwt de earste dagen fan ‘e nije wike noch ritich.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei binne der opklearringen. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Moandei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. De swakke oant matige wyn giet fan it suden nei it súdeasten oant easten. De temperatuer leit tusken de 20 en 24 graden.

Tiisdei en woansdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

 

july 26, 2020 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.