Waarpraatsje: Bytsje ritich

july 22, 2020 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy sitte yn in lange rite mei noflik simmerwaar en sa út en troch wat ritige dagen. It begjin fan dizze wike wie kreas, fan freed ôf nimt de kâns op wat rein wer ta.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der soe wat rein falle kinne. By in swakke sudeaste- oan sudewyn wurdt it 10 graden.

Tongersdei skynt de sinne, mar geandewei de dei rekket de loft stadichoan berûn en yn ’e jûn is der kâns op wat rein. De wyn giet nei it súdwesten en is matich. De temperatuer leit om de 21 graden hinne.

Freed sjogge wy de sinne, nei alle gedachten, net in soad. By in matige westewyn wurdt it 20 graden. It bliuwt, sa goed as, drûch.

Yn it wykein is it ritich.

Jan Brinksma

july 22, 2020 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.