Waadsintrum Ofslútdyk giet wer iepen

july 10, 2020 10:01

Ofslútdyk Waadsintrum (foto: Merk Fryslân)

De doarren fan it beleefsintrum op de Ofslútdyk (Koarnwertersân) geane woansdei 15 july wer iepen foar publyk. Fanwegen de koroanamaatregels kin it sintrum foarearst minder besikers ûntfange as ûnder normalige omstannichheden.

De provinsje ferhiert it sintrum. Deputearre Avine Fokkens-Kelder is bliid dat it wer iepen giet: “Het móét ook gewoon open zijn. Het is een mooie en belangrijke attractie in Fryslân die, zo is de eerste jaren gebleken, veel bezoekers trekt. En uiteraard behoort dit beleefcentrum er dan ook ‘kreas’ bij te staan.’’

Eksploitanten Theo op de Hoek en Anneke Leemburg binne tefreden. “Nei moannen kinne wy einlings wer ûndernimme. Mar wy ha net stilstien de ôfrûne tiid. De eksposysje hat in upgrade hân en de horeka is ynrjochte op de koronamaatregels. De kommende dagen sille wy it gebou oant yn ’e puntsjes tariede op de iepening”, seit Leemburg.

july 10, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.