Underwiisfernijing yn Yndia giet op kosten fan it Hindy

july 31, 2020 17:57

Moat it Hindy de taal wurde dy’t alle ynwenners fan Yndia ferbynt of moat it Ingelsk dat wêze? It is in fraach dêr’t al tsientallen jierren ferskillende antwurden op jûn wurde en dêr’t de ynwenners fan Yndia inoar foar yn ’e faksen fleane kinne. In oanpassing fan it ûnderwiissysteem liket de oanhingers fan it Ingelsk te stypjen.

Yn de koloniale tiid wie it Ingelsk de taal dy’t de machthawwers yn Londen brûkten foar it bestjoeren fan ’e koloanje. It wie ek de taal fan it heger ûnderwiis yn Yndia. By de ûnôfhinklikens fan it lân yn 1947 wie der in sterke beweging foar it befoarderjen fan it Hindy as offisjele taal foar it hiele lân, wylst regio’s in eigen offisjele taal fêststelle koenen foar yntern gebrûk. It Ingelsk krige in ûnderskikte rol en it Hindy waard de offisjele lânstaal. It Hindy is de memmetaal fan sa’n fjirtich persint fan ’e minsken yn Yndia. It wurdt rûchwei yn de noardlike helte fan it lân praat.

Dat wie net alle Yndiërs nei it sin. Benammen de Tamyls yn it suden fersetten har tsjin it learen fan it Hindy. Yn it Hindytalige gebiet moasten bern op skoalle Hindy, Ingelsk en ien fan ’e oare talen fan Yndia leare. Dat lêste kaam yn ’e praktyk lykwols net folle fan op ’e hispel. Yn de rest fan Yndia learden bern de eigen taal, Hindy en Ingelsk.

Hjoed de dei praat sa’n fjirtich persint fan ’e befolking it Hindy as memmetaal, wylst nochris fyftjin persint it as twadde taal praat. De rest kin it Hindy net flot prate. It Ingelsk wurdt almeast brûkt tusken minsken út ferskillende stikken fan it lân. De ûnderwiisfernijing dy’t it regear fan Narendra Modi útstelt, makket neist it Ingelsk twa Yndiaaske talen ferlichte op skoalle. Dat wol sizze dat regio’s derfoar kieze kinne om gjin Hindy mear te ûnderwizen, mar bygelyks twa regionale talen. Fierders wurdt oeral de regionale taal de fiertaal yn it basisûnderwiis, as de wet oannommen wurdt.

july 31, 2020 17:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.