Tsjûge yn Malteeske moardsaak slim ferwûne

july 24, 2020 15:31

De wichtichste tsjûge yn it ûndersyk nei de moard op ‘e Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia is woansdei mei slimme ferwûnings yn syn wente oantroffen. Dat barde in pear oeren foardat er foar de rjochter tsjûgje soe. Yn ‘e Malteeske media wurdt grute dat in soad pommeranten mei de moard anneks binne.

De tsjûge syn namme is Melvin Theuma. Hy hat sels in ûndúdlike rol spile by it tarieden fan de moard, mar krige fan it iepenbier ministearje de tasizzing fan frijspraak yn ruil foar ynformaasje oer syn opdrachtjouwers. Hy hat ûnder oaren de sakeman Yorgen Fenech beskuldige. Dy is arrestearre wurden.

Theuma waard fûn mei in trochsniene hals. Hy leit yn it sikehûs en is noch net bûten libbensgefaar. De plysje seit dat it liket as hat er besocht en doch himsels tekoart, mar dat der noch neat wis is.

Frou Caruana Galizia die as sjoernaliste ûndersyk nei korrupsje yn ‘e polityk en it sakelibben fan Malta. Hja waard yn 2017 fermoarde doe’t in bom har auto opblaasde.

july 24, 2020 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.