Tritich miljoen euro foar fernijing yn kultuer

july 1, 2020 08:47

Seis musea en sânentweintich keunstorganisaasjes krije de kommende fjouwer jier subsydzje. Provinsje Fryslân folget dêrmei it advys fan twa ûnôfhinklike advyskommisjes. It giet om in totaalbedrach fan goed 30 miljoen euro.

Ofbylding: Provinsje Fryslân

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes is bliid mei de nije plannen. “Ferline jier binne wy mei ús nije kultuernota Nij Poadium in oare wei ynslein. Wy woenen ferbreding en fernijing fan it kultueroanbod yn Fryslân. Mei dizze besluten op basis fan de goed ûnderboude advizen fan de eksterne eksperts tinke wy in grutte ympuls te jaan oan in fernijend kultureel Fryslân.”

Musea
De musea krije 16,7 miljoen euro foar fjouwer jier. Nijkommers by de musea binne Museum Belvédère en Museum Drachten. Ek is der subsydzje foar Museum Martena en it Koninklijk Eise Eisinga Planetarium op betingst dat dy in strategyske gearwurking oangean. Njonken dizze nijkommers krije ek it Fries Museum, it Fries Scheepvaart Museum en it Natuurmuseum Fryslân finansjele stipe. De advyskommisje is tige te sprekken oer de kwaliteit en de (ynter)nasjonale útstrieling fan de musea dy’t it rike Ferhaal fan Fryslân op in bysûndere wize útdrage.

Keunstorganisaasjes
De keunstorganisaasjes krije 13,4 miljoen euro foar fjouwer jier. Nijkommers binne Stichting Ivgi & Greben (dûns), stichting Internationaal Kamermuziekfestival Schiermonnikoog en Stichting Nootstroom (klassike muzyk), Stichting het Achterland en stichting Illustere figuren (teater), Stichting VoorHeen De Gemeente en Kunsthuis Syb (byldzjende keunst).

Nij
It jaan fan fjouwerjierrige finansiering foar musea en keunstorganisaasjes is nij foar de provinsje Fryslân. It komt út de yn 2019 fêststelde beliedsnota Nij Poadium 2021-2024 wei. Yn dit plan stean ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. De provinsje rjochtet him hjirmei op in bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip.

Mear ynformaasje
It advysrapport stiet op www.fryslan.frl/nijpoadium.

july 1, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe july 1, 14:50

    Der is wol wat in probleemke mei dit soarte fan berjochten: it binne de letterlike parseberjochten fan de ynstânsje dy’t graach wat bekend hawwe wol. As ik gjin oare ynfo hie, dan soe ik sa’n tekst ferlosse fan al syn kwalifisearjende útspraken dy’t by de klup sels weikomme, lykas ‘It kulturele libben yn Fryslân kriget de kommende jierren in flinke oppepper.’ Ik begryp dat de provinsje op dy útkomst tidiget, mar de lêzer fan ItNijs.frl soe wol miene kinne dat de redaksje fan ItNijs.frl fan itselde betinken is. En dan krije je sokke reaksjes as dizze fan my. It fjouwerjierrige kultuersirkus fan de provinsje mei syn tradisjoneel weromkommende omtinken foar it lege kontenerbegryp ‘fernijing’ is sa njonkelytsen in abberaasje dêr’t wy wol sûnder kinne. It is moai dat de kultueramtners yn Ljouwert wurk hâlde, mar har falbilebesluten binne yn feite nearne oars op basearre as krekt dát: selslegitimaasje en fuortsetting fan it ‘kulturele netwurk’ dêr’t de provinsje de finansjele rezjy hat.

  2. Redaksje july 2, 12:05

    Tank Abe, foar de warskôging. It berjocht is yntusken wat neutralisearre. Frysktalige parseberjochten nimt It Nijs yndied gauris omtrint folslein oer. Foar in part hat dat in praktyske reden: de redaksje is lyts en hat al folle mear wurk as oare media fan it grutte oanpart oan Nederlânsktalige parseberjochten. Mar der is in foarnamere prinsipiële reden: ús efterban wol graach stimulearje dat organisaasjes harren yn it Frysk uterje en om dat te beleanjen besykje wy sa ticht mooglik by harren eigen teksten te bliuwen. Lykwols is it fansels net de bedoeling om opsnijerij fan dy organisaasjes en oare subjektive gjalpen yn ús nijsberjochten oer te nimmen. Mar troch de deistige droktmen bliuwt der wol ris wat stean dat oanpast wurde moatten hie. Nim ús net kwea-ôf. Mieningen oer it nijs kin elkenien ûnder de oanbelangjende berjochten kwyt en wiidweidiger reaksjes binne altyd wolkom as opinystik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.