Takomst sportkompleks Skoatterwâld

july 16, 2020 13:09

De gemeente It Hearrenfean sil mei de oanbelangjende sportferieningen ûndersykje hoe’t it yn de takomst mei it sportkompleks Skoatterwâld moat: renovearje of opnij ûntwikkelje.

It kompleks is sûnt 1 augustus 1996 yn gebrûk. It hat tsien trainings- en wedstriidfjilden. It haadfjild hat in oerdutsen tribune mei fiifhûndert sitplakken en in grutte steantribune. Amateur- en proffuotballers fan VV Heerenveen en sc Heerenveen (behalve de seleksje) meitsje der gebrûk fan. Foar de ambysjes fan de brûkers foldocht it net mear, dat der sil wat oan dien wurde moatte. De gemeente en de beide sportorganisaasjes hawwe no in oerienkomst sletten om mei-inoar de útgongspunten fêst te lizzen en dy neier út te wurkjen.

It startsein fan dy oanpak falt gear mei it hûndertjierrich bestean fan beide klups. Bernier Hoekstra, foarzitter fan VV Heerenveen: “Het is een mooi cadeau, zeker nu we het niet groots kunnen vieren door de coronacrisis.”

Yn de plannen moat rekken holden wurde mei de stedsboukundige opset fan it  Skoatterwâld en Hotel van der Valk. Dat kin útdraaie op ferskillende senario’s lykas renovearje of opnij ûntwikkelje.

july 16, 2020 13:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.