Taalfertutearzing

july 12, 2020 20:26

Ynstjoerd

Yn in “commentaar” yn de LC fan 9 july pleitet Erwin Broers tsjin it feringelskjen fan de Nederlânske (lês Hollânske) taal yn de winkelstrjitten. Hy is bang dat ynkoarten it Nederlânsk dêr alhiel ferdwynt. Dat is fansels mar in part fan it probleem; rûnom yn de mienskip tsjocht it Ingelsk op te’n koste fan it Nederlânsk. Mei foarop de wittenskip (universiteiten!), de media en ûnder de jongerein, dêr’t it Nederlânsk de striid al ferlern liket te hawwen. Sa seach ik lêsten op de telefyzje it program De Gevaarlijkste Wegen mei twa youngsters, wêrby’t amper mear in Nederlânsk wurd te hearren wie.

No moat ik earlik sizze dat ik net echt begrutsjen haw mei de tebekgong fan it Nederlânsk. It is ommers in ûntwikkeling dy’t by it Frysk al tsientallen jierren geande is, mar dan mei it Hollânsk as dominante taal yn stee fan it Ingelsk. Sûnder dat immen bûten Fryslân him dêroer bekroadet. No fiele Hollanners sels ris hoe slim as it is jins om eigen taal te ferliezen en dêrmei jins kultuer. Hooplik liedt dat derta dat Hollânsk- en Frysktaligen ienriedich de striid oangean tsjin fertutearzing fan ús beide rykstalen.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

july 12, 2020 20:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.