Taaldiskriminaasje fan West-Friezen yn Noard-Hollân

july 24, 2020 19:44

Machteld de Jong is lektor ferskaat oan hegeskoalle InHolland yn Amsterdam. Hja ûndersiket hoe’t diskriminaasje út te roegjen is. Dat komt mei trochdat hjasels taaldiskriminaasje meimakke hat, fertelt se.

Hja wie wend om it West-Fryske dialekt te praten. Dat liket wol op it Hollânsk, mar it is dochs oars. Sa sei hja net school, mar skool. By sollisitaasjes makke dat dat hja ôfwiisd waard, ek yn de eigen provinsje. “Zo’n boerentrien wilden ze niet in de grote stad”, seit hja. “Ze keken niet naar mijn talent, mijn opleiding, mijn persoonlijkheid.”

Frou De Jong fertelt har ferhaal op it wittenskipswebstee ScienceGuide. Klik hjir om it te lêzen.

july 24, 2020 19:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.