Stimulearringsregeling ekstra sportaktiviteiten

july 7, 2020 11:01

Yn gearwurking mei Sport Fryslân iepenet provinsje Fryslân in stimulearringsregeling foar ekstra sportaktiviteiten. Sportferieningen kinne in voucher fan 500 euro oanfreegje dêr’t se yn de simmerfakânsje ekstra sport- en bewegingsaktiviteiten foar bern en jongelju mei organisearje kinne.

Deputearre De Rouwe: “Yn dizze frjemde tiid leit alles stil; der is gjin kompetysje, en sporteveneminten binne ôfsein. Wylst it Fryske bloed fan jongs ôf kolket fan de nocht om te sporten. Sportferieningen wurde útnûge om aktiviteiten foar alle bern te organisearjen. Lit se fierljeppe, keatse, neam mar op. Sa komme we de simmer sportyf en mei nocht en wille troch!”

Oanfragen kinne fan ôf hjoed, 6 july, 12.00 oere oant 2 augustus 2020 17.00 oere yntsjinne wurde fia www.sportfryslan.nl/oanfragen.

foto © Provinsje Fryslân

Lok op 1, no en moarn: 11 ekstra koroanamaatregels
De sport-stimulearringsregeling is ien fan de ekstra koroanamaatregels fan de provinsje yn it Lok op 1, no en moarn-pakket. Provinsjale Steaten hat hjir op 24 juny
5 miljoen euro foar beskikber steld. Dizze regeling foar sportferieningen is ûnderdiel fan de leefberens-regeling fan 450.000 euro. De brede regeling foar doarpshuzen, maatskiplike ferieningen en sportferieningen wurdt fan ’t simmer útwurke en giet 1 septimber 2020 iepen.

july 7, 2020 11:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.