Sportskiednisrige ‘Van Mijnals tot Memphis’

july 19, 2020 12:41

Wat foar kleur as je ek ha, yn ’e klaaikeamer en op it fjild docht it der net ta. As je mar fuotbalje kinne. Men hat inoar nedich, men moat gearwurkje. Mar op ’e tribunes en bûten it stadion falt der noch in wrâld te winnen.

Foto: Pim Ras

Yn Andere Tijden Sport fertelle Humberto Tan, Rocky Tuhuteru en Nadia Bouras oer harren Surinaamske, Molukske en Marokkaanske Oranjehelden, en wat sy yn harren libben betsjut hawwe. Van Mijals oant Memphis.

Humphrey Mijnals (1930-2019) debutearre yn 1960 as earste fuotballer út Suriname yn it Nederlânsk alvetal, yn in thúsynterlân tsjin Bulgarije. Syn spektakulêre omheljen yn dy wedstriid is legendarysk wurden. De KNVB-kommisje tsjin rasisme dy’t dizze moanne oprjochte is, draacht de namme fan Humphrey Mijnals: de kommisje Mijnals.

Besjoch de earste ôflevering hjir werom.

Fierder yn dizze rige (te sjen om 22.25 oere op NPO 1):
Snein 19 july – ‘Ici Radio Tour de France’

Anno 2020 is Radio Tour de France al fyftich jier ûnskiedber ferbûn mei de simmer: Andere Tijden Sport giet werom nei de begjinjierren fan dat ikoanyske radioprogramma en toant de prestaasjes fan ûnder oaren Joop Zoetemelk, Hennie Kuiper, Steven Rooks, Peter Winnen en Tom Dumoulin. Begelaat troch lang ferfleine – mar nea fergetten – radiokommentaren fan Harrie Jansen, Heinze Bakker, Jorrit Jorritsma, Fred Racké en fansels Theo Koomen.

Snein 26 july – ‘Anky: in de naam van de vader’
Snein 2 augustus – ‘Mark Huizinga: De lange reis naar Goud’
Snein 9 augustus – ‘Kein Geloel, Fussbal Spielen: Ernst Happel in zijn eigen woorden’
Snein 16 augustus – ‘Jan Raas: de Renner’

Presintaasje: Tom Egbers.

july 19, 2020 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.