Sjoerd de Stikelbaarch (gedicht)

july 4, 2020 09:30 Fernijd

Resint ferskynd

Foto: pixabay.com

Sjoerd de Stikelbaarch

hat in skarreltsje sûnt foarige wike,
mei de moaie namme Hike.
By it snobbersguod kaam er har tsijn,
yn de winkel fan Jamin.

Sjoerd skepte yn de dropkes om,
en Hike stie by de kaugom.
Ut de eachhoeken wei seach Sjoerd har oan,
en it like him mar skoan.

Wat woe dy man?
Hike kleure der hielendal fan.
Mar Sjoerd luts de stoute skuon oan,
en frege ‘sille we wat leuks dwaan moarn?’

It like Hike wol wat ta,
en de oare deis setten se op Harns ta.
Wat winkelje en lekker hân yn hân
sitte oan it strân.

Trouwe, dêr begûn Hike al oer,
mar doe waard Sjoerd poer.
Hike snapte der neat fan,
en sei: doch net sa ‘stikelich’ man.

En se libben net lang en lokkich…….

Folkje Koster

july 4, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.