Simone Djurrema: In gefaarlike reis troch oarlochsgebiet

july 4, 2020 20:00 Fernijd

Kollum

De koroana hat noch hieltyd alle minsken op ’e wrâld yn ’e greep. Sweden – it lân dêr’t ik wenje – docht krekt as is der net safolle te rêden, yn ’e media teminsten. De Sweedske boargers hawwe salang frede hân dat se goed traind binne yn hearrigens. Wy hâlde hjir kreas ôfstân en hanwaskje trou. Mar der is ek wol folle panyk, hear. En omdat we dochs aardich beheind binne yn ús aktiviteiten, begjinne guon minsken har te ferfelen, krekt as yn ’e rest fan ’e wrâld. Dan is der net folle foar nedich om elkenien gek te krijen en de dyk op te gean, tsjin alle oardelmeterregels yn, foar it black-lives-matterprotest. In part fan de minsken dy’t dêr stiene, koe it hiele ferhaal net iens!

Ik haw der fia Facebook Messenger in prachtich petear oer hân mei in jonge swarte frou. Sy hie yndied meimakke dat der op ’e universiteit net ien mei har gearwurkje woe. Dat is bespotlik, en dat ek nochris ûnder minsken mei in hege oplieding! It rasisme is der, en dat is net goed. Mar is der út te kommen? Ik frege my doe ôf hoe’t it gean soe mei in Fries mei in swier aksint dy’t net oan de universiteitsmoade meidocht. Soe dêr wol ien mei gearwurkje wolle? Giet it der net om dat men út in bepaald slach minsken fuortkomme moat? Sy skammet har faak foar oare minsken mei in kleur, yn ’e bus bygelyks. Dan tinkt se, doch no ris gewoan yn stee fan de foaroardielen mei jim hâlden en dragen te befêstigjen.

Ik hear hieltyd faker dat it net om ras giet, mar om kultuer. In protte swarte minsken dy’t wól slagge binne, sizze dat sels. Yn de FS wurde sa’n tachtich persint fan de Afrikaansk-Amerikaanske bern grutbrocht sûnder heit. Dat is in feit, en dat hinget yn ’e statistiken gear mei de tanimmende kriminaliteit. Sy fine dat it dreech wêze kin om út dy kultuer wei te kommen, mar de kânsen binne der, dêr leit it neffens harren net oan. It liket my sa ta dat it dreech wêze kin om út wat foar kultuer dan ek wei te kommen nei in oare ta. Mar foar fjochters is hast alles mooglik. Neffens my is it rasisme om minsken yn in slachtofferrol te drukken.

Underwilens drukke se der hjir yn Sweden noch in pear djoere ûnsinnige wetten troch, hanwaskje wy en hâlde wy ôfstân. De measten teminsten. De tsjinstridige advizen fleane ús lykas meastal om ’e earen. Yn ’e soarch hawwe we no allegearre in skelk foar, mofkes oan en in fizier op as we tichteby de minsken komme. De ynstruksjes wurde oanbean yn 29 (!) talen en yn it Sweeds ek yn gebeartetaal en ynsprutsen. Dan moat it goed komme, dochs?

De ekonomy moat fansels ek wer in ympuls krije, dat lannen begjinne de grinzen wer wat te iepenjen om dochs mar wat ynkomsten fan it toerisme yn te heljen. Wy sille sjen oft de hikke fan ’e daam is of net.

Hindrik, myn man, krige tuskentiden de fraach fan syn kammeraat oft er yn Fryslân yn ’e tunen komme woe te wurkjen. In soad binne gek yn ’e holle wurden fan it lange thússitten. De demonstraasjes fan ‘Black lives matter’ binne foarby en dy tsjin Swarte Pyt binne noch net begûn, dat se sjogge om harren hinne en begjinne te klussen en plannen foar de tún te meitsjen. De maat stie der allinnich foar, dat hy woe graach help fan ien dêr’t er op rekkenje koe. Hindrik sei dat er wol in wike of fjouwer, fiif komme koe. De lannen stiene dochs op it punt om de grinzen wer wat te iepenjen. En doe barste it los.

Nederlân smiet alles wer iepen, behalven foar Grut-Brittannië en Sweden. En net allinnich Nederlân. Sweden waard in paria yn de hiele wrâld! Hindrik belle op en sei:

“Oars moatte we it earst mar útstelle.”

Syn maat waard hast wyt om ’e snút.

“Nee, do moast al komme, ik kom der net trochhinne!”

Doe begûnen we alles op in rychje te setten. Hoe soene we it allegearre hawwe.

– Troch Denemarken reizgje moast neffens de websites wol kinne ast neiste famylje of wurk hiest op it plak fan bestimming, mar as we bellen wie der net ien dy’t it garandearje koe.

– Yn Dútslân hiene se in pear gemeenten dêr’t Hindrik trochhinne moast, op ’t slot goaid. Hoe soe dat gean?

– Soene se him by de Nederlânske grins tsjinhâlde? Soe it genôch wêze dat er wurkje soe en syn mem en suster yn Fryslân hat?

– Wêr moast er sliepe? By syn mem yn ’e flat mei alle minsken op jierren hiene se al dúdlik sein dat se him dêr net hawwe woene. Wy krigen de yndruk dat se him hast mei it jachtgewear opwachtsje soene. It wie allegearre panyk! Wy wiene hast benaud dat it net iens fertroud wie om mei in Sweedsk kenteken te riden!

– Moast er earst yn karantêne? Dan hie de hiele reis ek al gjin doel mear. En wat is karantêne? As ien thúsbliuwt mar de oare leden fan ’e húshâlding hoege net yn karantêne, moatst dy dan yn ’e sliepkeamer opslute?

Myn heit en mem witte dat wy yn in gebiet wenje dêr’t net folle kans op besmetting is. Se witte dat Hindrik bûten wurket en maklik ôfstân hâlde kin. En se wenje net yn in flat mei âldere minsken dy’t om it hurdst roppe: elkenien yn Sweden hat koroana!!! Elkenien!!!” Dat Hindrik is dêr gelokkich wolkom.

No is it in feit dat de measte besmettingen en earnstige gefallen yn in pear grutte stêden yn Sweden binne en yn de âldereintehuzen dêr. Fan de minsken dy’t komme te ferstjerren is 98 persint âld of hat in oare sykte. Neffens de universiteit fan Göteborg is ien persint mear âldere Sweden stoarn as gewoanwei, mar 220 persint mear âldere Irakezen, Somaliërs en Syriërs. In bekende frou út it Midden- Easten, dy’t fjochtet foar de rjochten fan froulju en famyljes út dy lannen yn Sweden, leaut dat it te meitsjen hat mei in pear ferskillende faktoaren: minsken mei in donkerder hûd hawwe earder in tekoart oan fitamine D en hawwe dan minder wjerstân. Boppedat binne se lid fan in groepskultuer. Dat yn it begjin, doe’t de âldereintehuzen noch net sletten wiene, kamen der fansels hiele famyljes by de koroanapasjinten op besite dy’t it firus wer meinamen oeral hinne. In soad hawwe ek net begrepen hoe earnstich oft de situaasje wie, want yn Sweden wurde de regels ‘oanbefelle’, wylst sy fan hûs út wend binne dat der by need by wize fan sprekken mei gewearen drige wurdt as it mienens is. Dat miskien holp it dochs net sa goed mei alle foarljochting yn 29 talen…

Wylst de Sweden plannen makken om yn eigen lân op fakânsje te gean – net ien wol ús no hawwe fansels – ried Hindrik yn Göteborg de nachtboat op om nei Kiel te farren. Hy woe net riskearje om yn Denemarken tsjinholden te wurden. Wy fûnen it mar spannend. It fielde as yn de boeken fan Snuf de hond! Hoe fier soe er komme? Soene der kontrôles wêze? Us mem hie heard dat der âlderen wiene dy’t seine dat dit slimmer is as de oarloch…

Foardat Hindrik de boat opried moast er in formulier ynfolje en opskriuwe wat syn bestimming wie en wêrom of sa. Op ’e boat is it op it stuit hiel rêstich, Stena Line tinkt derom dat der net te folle plakken boekt wurde sadat it maklik is om ôfstân te hâlden.

Ik haw him de oare deis nei oankomst yn Dútslân de hiele dei op Whatsapp folge.
Fan de boat ôf: soe er oanholden wurde??? Nee. Troch dy ôfsletten gemeenten, soe dêr in dykôfsetting wêze? Nee, ek neat. Doe sech ik op de app dat er rjochting de Nederlânske grins ried. Hy ried al dreger en presys by de grins stie er stil… Ik hie it swit ûnder de earms! Nei fiif minuten appte ik: Wat is der? Wurdst oanholden??? Gjin antwurd…
Ynienen fleach it stipke in ein foarút, hielendal foarby de Nederlânske grins. Hy hie blykber efkes gjin ferbining hân. Der hie ek net in blokkade by de grins nei Nederlân west.

Hindrik hie it helle!!!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

july 4, 2020 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gjalt Faber july 6, 11:41

    Beste Simone,

    Wat hast dit wer yn moai geef Frysk skrean. Miskien hat Sweden te soft west mei koroana
    maatregels en brekt dit letter op. Is de reis fan Hindrik noch goed ferrûn? Freonen fan my reisgen met de boat fan East-Dutslân nei Sweden en fierders mei har buske nei Noard-Sweden. Dat gyng ek goed. Sjoch dat yn Sweden hjoeddedei deselde temas spylje as by ús, lykas koroana en blacklivesmatter. Hjir ek hyltyd boereopstân. Miskien moatte mar in soadsje Fryske boeren ferhúzje nei Sweden. Der is noch romte en noch net safolle oer-produksje fosfaat en stikstof .

    Groetnis út Garyp,
    Gjalt Faber

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.