Simmermerke yn Snits

july 15, 2020 10:43

Foto: Jan Douwe Gorter/Gemeente Súdwest-Fryslân

Gjin Snitswike, dit jier, mar de tradisjonele merke op it Martinyplein giet wol troch. Dy is fan freed 31 july oant en mei tongersdei 6 augustus.

Der binne passende ôfspraken mei de eksploitanten makke, fertelt boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân: “Fansels oars as oars en neffens de rjochtlinen fan it RIVM. Feilichheid stiet foarop. Wy moatte goed yn ’e gaten hâlde dat it net te drok wurdt. Mar foar de hoareka, de middenstân, de ynwenners en gasten bin ik bliid dat der fan ’t simmer dochs wer ferdivedaasje is.”

Jan Boots, direkteur fan de Nederlandse Kermisbond (NKB) is tige bliid dat Snits it ljocht op grien set hat. “As NKB hawwe wy hieltyd sein dat der in protte kin, lykas no op it Martinyplein, as der mar passende maatregels nommen wurde. It wurdt in moaie merke, geskikt foar alle doelgroepen, krekt sa moai as ferline jier. En dat wie neffens ús de moaiste sûnt jierren.” Boots tinkt dat der sa’n tritich attraksjes wêze sille.

Foar John van Dam út Bergen op Zoom mei syn nostalgyske draaimûne wurdt Snits dit jier syn earste merke. “Hjir kinne we sjen litte dat we ús ferantwurdlikheid nimme, troch ús oan de rjochtlijnen fan it RIVM te hâlden.” Hy hopet dat oare plakken it foarbyld fan Snits folgje.

july 15, 2020 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.