Simmerkampanje ‘Fiel dy frij op it Waad’
Resint ferskynd
Visit Wadden presintearret bestimmings yn it Waadgebiet foar in fakânsje yn eigen lân
In fakânsje yn eigen lân is no foar in protte Nederlanners oan ’e oarder. En dat is hielendal sa gek noch net. It Waad biedt in protte moais. In unyk kustgebiet dêr’t men jins deiritme bepale lit troch it tij fan UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee. Dêr genietet men fan romte, loft en it lânskip.
Simmerkampanje ‘Fiel dy frij op it Waad’
De kampanje nûget Nederlanners, ek ynwenners fan it Waadgebiet, út om sels op ûntdekkingstocht te gean. Typyske waadprodukten priuwe lykas oesters of seewier, waadrinne, in terp beklimme of harkje nei ferhalen fan in gids, stean op it programma. Yn gearwurking mei de regionale marketingorganisaasjes, de toeristyske ûndernimmers en de natuerorganisaasjes is in simmeraginda opmakke fol ultime waadbelibbings. Net allinnich op ’e eilannen mar just ek yn it Waadkustgebiet.
Njonken de simmeraginda en in posterkampanje wurdt ek in fotowedstriid ‘Diel dyn Waad’ organisearre. Meidwaan kin troch it bysûnderste plakje of momint yn it Waadgebiet fêst te lizzen en de foto te dielen, mei fermelding #WADBIJZONDER. De moaiste plaatsjes wurde beleanne mei aardige prizen.
Wa’t mear witte wol oer wat der allegear yn it Waadgebiet te belibjen is, kin sjen op www.visitwadden.nl/nl/bezoeken/voel-je-vrij-op-de-wadden. De giele #WADBIJZONDER paadwizers binne op in protte moaie plakjes oan te treffen. De kampanje rint oant ein septimber 2020.
‘Wilbert kookt Wad‘
It Waad hat smaak, letterlik. En dy hearlike sâlte smaak wurdt yn ’e simmerkampanje ek oan de rest fan Nederlân presintearre. De Grinslânske kok Wilbert van der Kamp siedt by syn bakfyts de hearlikste Waadlekkernijen op 30, 31 july en 1 augustus yn trije stêden yn Nederlân, gewoan op strjitte. Elkenien is wolkom om it Waad te priuwen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. https://www.visitwadden.nl/nl/verhalen/smaak-van-de-wadden/wilbert-kookt-wad.
Jierdei fan it Waad
It UNESCO-Waadsee Wrâlderfgoed fiert dit jier syn alfde jierdei. In digitaal feestje diskear. Mei as suertje by de boadskippen en earbetoan oan it Waad in jierdeisfideo. https://youtu.be/Dv5okTKX0kY
Oer Visit Wadden
It projekt Visit Wadden beslacht it hiele Waadkustgebiet fan Grinslân oant en mei Noard-Hollân en is yn april 2019 úteinset mei as doel duorsum toerisma yn it Waadgebiet te stimulearjen. Visit Wadden is in gearwurking tusken de trije toeristyske marketingorganisaasjes Marketing Groningen, Merk Fryslân, Holland boven Amsterdam en ûndernimmers en natuer- en erfgoedorganisaasjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje