Sifers Fryske befolkingsprognoaze bekend

july 6, 2020 12:03

De sifers fan de Fryske befolkingsprognoaze 2020 binne bekend. Gemeenten, de provinsje en allegearre oare partijen stimme har belied ôf op de Fryske befolkingsprognoaze. Dy foarmet ek de basis foar ûnder mear de wentebou-ôfspraken.

By alles wat de provinsje docht wurdt rekken holden mei de demografyske ûntwikkelingen. Deputearre Fokkinga: “Demografyske ûntwikkelingen hawwe in soad ynfloed op allegearre saken yn ús libben. Friezen jouwe oan dat ae it wenjen en libjen yn ús provinsje tige wurdearje. Dat wolle we sa hâlde. Wy bringe geregeld in Fryske befolkingsprognoaze út, sadat wy allegear partijen stypje kinne by it nimmen fan besluten foar harren belied, no en yn de takomst. Binne der wichtige feroaringen yn trends, dan kinne se dêrop ynspylje.”

Untwikkelingen
Demografyske feroaringen hawwe der altyd west. Minsken wurde ommers âlder, se krije bern of komme te ferstjerren. Dêrneist feroarje wensituaasjes trochdat minsken de lapen gearsmite, skiede of ferhúzje nei in oare Fryske gemeente of nei in oar part fan it lân. Soks hat ynfloed op saken as ûntgriening (minder jongerein), fergrizing (dûbelop, want mear âlderen en mear âldere âlderein), befolkingsdelgong (stadich en lykmjittich) en de groei fan it tal húshâldingen (ôfnimmend).

It binne strukturele ûntwikkelingen dêr’t Fryslân (lykas oare dielen fan Nederlân) al langere tiid mei te krijen hat. Dat hat alles mei de saneamde babyboomgeneraasje út te stean. Dy is berne tusken 1945 en 1950. Trochdat wy hieltyd âlder wurde én trochdat wy sûnt de sechstiger jierren minder bern krije, hawwe wy nei it ferstjerren fan de babyboomgeneraasje struktureel te krijen mei in lytsere befolkingsomfang. Soks hat fan gefolgen dat bygelyks basisskoallen slute moatte, dat de fraach nei wenningen ôfnimt en feroaret, dat der mear gebrûk makke wurdt fan soarchfoarsjenningen en dat it foar bedriuwen yn guon sektoaren lestich is om (goed-kwalifisearre) personiel te finen.

De wichtichste ûntwikkelingen
Fryslân hat no sawat 650.000 ynwenners. Yn 2040 sil dat ta 630.000 ôfnommen wêze. De prognoaze lit sjen dat der, nettsjinsteande it leger wurden fan it totaal tal ynwenners, aardich wat âldere minsken by ferwachte wurde. It oantal 65-plussers sil mei sa’n 35% omheechgean fan 140.000 yn 2020 nei 188.000 persoanen yn 2040. It tal 85-plussers sil mear as ferdûbelje.
Alle âldensgroepen jonger as 65 jier, nimme oant 2040 ôf yn oantal. De groep fan 45 oant 65 jier hat dêr mei -23% it meast mei te krijen. It tal bern oant 15 jier sil mei 5% ôfnimme.

Tal húshâldingen
It tal húshâldingen groeit noch wat langer troch as it tal ynwenners. Fan 295.000 yn 2020, is der noch in lichte groei nei 305.000 yn 2035. Dêrnei sakket it wer nei 205.000 yn 2050. Benammen it tal ienpersoanshúshâldingen sil noch groeie: fan 110.000 yn 2020 oant 130.000 yn 2040. Dat giet foar it grutste part om allinnesteande âldere minsken.

july 6, 2020 12:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.