Ryk honorearret ynnovaasje-eksperiminten provinsje Fryslân

july 3, 2020 16:21

It Ryk stipet twa fernijende projekten dy’t de provinsje Fryslân yntsjinne hat by it Innovatiebudget Digitale Overheid. De projekten Open Poen en Zicht op Stikstof krije elk trije ton. Fryslân eksperimintearret yn gearwurking mei oare oerheden mei digitale ynnovaasjes. Dy moatte bydrage oan in heldere tsjinstferliening mei minder administrative druk foar ynwenners en oare partijen.

Open Poen
Open Poen is in digitale tsjinst foar it oanfreegjen en ferantwurdzjen fan lytsere subsydzjes. It wurket ienfâldich: subsydzje-oanfregers krije in bankpaske fan de provinsje, dêr’t se fan in bankrekkening dy’t foar in eltsenien yn te sjen is beskikke kinne oer it oan harren takende jild. Se kinne sels fuortendaliks alle betellingen dwaan mei in paske. It is in iepen en transparant systeem. De provinsje wol dêr inisjatyfnimmers en de gearwurking tusken bewenners mei fasilitearje, folsleine iepenheid kreëarje oer hoe’t it subsydzjejild bestege wurdt en de administrative ferantwurding foar subsydzjeûntfangers sa lyts mooglik meitsje.

It systeem is ûntwikkele yn gearwurking mei de gemeente Amsterdam. It prototype wurdt yn Fryslân probearre yn it provinsjale Iepen Mienskipsfûns. Dat stribbet al nei in sa leech mooglike administrative belêsting foar de oanfregers. Ferwachte wurdt dat it mei it nije paske noch ienfâldiger kin.

Zicht op stikstof
It projekt ‘Zicht op stikstof’ makket in digitale keppeling mooglik fan trije ferskillende metoaden om de fersprieding fan stikstof, de boarne, it transport en de effekten op de natuer te mjitten. Dêr kin flugger en transparante troch neigien wurde wat de effekten binne fan maatregels om de stikstof tebek te kringen. Fiif provinsjes en oare partijen wurkje mei-inoar oan dit projekt. Oare provinsjes kinne ienfâldich dielnimme, ek as it eksperimintele stadium foarby is. Ik kin letter ek yn oare lannen brûkt wurde. It projekt wurdt nei de simmer mei begûn.

july 3, 2020 16:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.