Ryk en regio ynvestearje € 30 miljoen yn Regio Deal Súdeast Fryslân

july 14, 2020 10:21

Regiodeal Súdeast Fryslân

Minister fan LNV, Carola Schouten, hat moandei bekend makke dat de Regio Deal Súdeast Fryslân sletten is en dat it Ryk € 15 miljoen ynvestearret. De oerheden yn de regio sels ferdûbelje dat bedrach. De Regio Deal jout in stevige ympuls oan Súdeast Fryslân.

“De gemeenten It Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Weststellingwerf, de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en it Ryk wurkje gear mei de mienskip oan de Regio Deal. Mei-inoar krije we mear foarinoar, binne we fitaal en fearkrêftich!” seit Ellen van Selm, boargemaster fan Opsterlân en wurdfierder foar de regio.

Fanwegen de útdagingen lykas de demografyske ûntwikkelingen en klimaatopjeften ynvestearje Ryk en regio de kommende fjouwer jier mei-inoars mear as € 30 miljoen yn de regio: yn fitale doarpen en yn in fearkrêftich lânskip. De Regio Deal fersterket de regionale sintra, soarget mei de mienskip foar libbene lytse(re) kearnen en it wolwêzen fan de ynwenners.

Foar de Regio Deal ûndersiket it Frysk Sosjaal Planburo de regionale brede wolfeart. Mear ynformaasje is te finen op www.regiodealzuidoostfriesland.nl.

july 14, 2020 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.