Riedsfraksjes FNP troch Achtkarspelen oanfitere
Resint ferskynd
Ynstjoerd
FNP Achtkarspelen suksesfol op it mêd fan it Frysk
Nei oanlieding fan it opinystik fan Abe de Vries (https://www.itnijs.frl/2020/06/fnp-krekt-noch-de-eare-reden/), dêr’t ik it foar hûnder persint mei iens bin, haw ik alle FNP-ôfdielingen in tal moasjes fan de FNP-ôfdieling Achtkarspelen stjoerd. Twa dêrfan binne ferline wike tongersdei by de kadernota yntsjinne. Se binne oannommen. Dy binne ûnderoan te finen.
Ofdieling FNP Achtkarspelen is al jierren dwaande om it Frysk op in heger nivo te krijen. Alle skoallen fan Roobol, de koepel fan it iepenbier ûnderwiis, binne trijetalich, A-profyl. De skoallen fan Noventa, de koepel fan it bysûnder ûnderwiis, sitte allegear op it C- en ien op it B- profyl. Yn dy organisaasje binne se drok dwaande om hegere profilen te berikken.
Wy stride al lang foar better Frysk ûnderwiis yn ús gemeente, mar nei ús lêste wurkbesite, dy’t hiel posityf wie, begûn it echt te rinnen.
Taheakke ek noch in moasje foar ientalige Fryske kombuorden dy’t no einliks rûnom op hast tritich plakken yn ús gemeente steane. It wie in lange wei te gean, mar de twatalige buorden binne ferfongen troch ientalich Fryske en de ‘nije buorskippen’ hawwe ek ientalige buorden krige.
Wy moatte as FNP it Frysk net fersluorkje litte. It stik fan Abe de Vries hat dat pynlik dúdlik makke. Provinsjaal bliuwt it fierstente stil en binne we GrienLinks oan it neidwaan.
Gemeentelik is der genôch mooglik
Tjibbe Brinkman, FNP-riedslid Achtkarspelen
Hjirûnder trije fan de bedoelde moasjes:
P4-M2 – Moasje FNP oer Frysk taalûnderwiis ynboargering
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje