Ried Fryske Beweging sleept noch gjin skoallen foar de rjochter

july 29, 2020 22:34

Is it oanhâldend strieminne ûnderwiis yn it Frysk en fangefolgen – yn kombinaasje mei just wol goed ûnderwiis yn it Nederlânsk – it ôftakjen fan de kwaliteit en de libbenskrêft fan de Fryske taal, gjin reden om skoallen foar de rjochter te daagjen?

Om’t de Ried fan de Fryske Beweging krewearret foar it fuortbestean fan it Frysk as libbene taal, en soks troch gjin, beheinde of minne taallessen op in grut part fan de skoallen yn Fryslân faai komt te stean, hie boargeraksjegroep Sis Tsiis de Ried frege te ûndersykjen oft in juridysk trajekt mooglik is. Foarearst konkludearret de Ried lykwols dat it oankleien fan in yndividuele skoalle of it oanfjochtsjen fan in troch de provinsje ferliende spesifike ûntheffing in behyplike saak wurde soe as dêr gjin learlingen of âlden oan meidogge; want dy binne de earste belanghawwenden. En dy sille nei alle gedachten skruten wêze as hja noch jierren mei sa’n skoalle te krijen ha. Dat ferdútste juridysk meiwurker fan de Ried, Frank de Boer, justerjûn yn it radioprogramma Weistra op Wei. It radiopetear is op de webside fan Omrop Fryslân werom te hearren en te lêzen.

It ferrin fan de saak fan riedslid Jehannes Elzinga oer de plaknammen yn de gemeente Waadhoeke kin de Ried lykwols noch op oare tinzen bringe. En dat jildt ek as learlingen en âlden har melde by de Ried: dat kin mei dit webformulier. Yn alle gefallen sjocht de Ried mear yn in bestjoerlik-politike oanpak. De Fryske Bewegers binne fan doel en nim de ûnderwiisynspeksje (dy’t tafersjoch hâldt op de kwaliteit fan skoallen), de PO-raad (sektororganisaasje foar it primêr ûnderwiis) en de Onderwijsraad (advysorgaan fan it Nederlânsk regear op it mêd fan ûnderwiis) geweken, wylst se de help ynroppe wolle fan Dingtiid en de Provinsje Fryslân. De Politike Kommisje fan de Ried sil dêr in foarname rol by spylje.

Yn it lêste nijsbrief fan de Ried wurdt op beide neamde rjochtsaken wiidweidich yn gien. Dêrnjonken komme oare saken oan ’e oarder dy’t de Ried op it heden by de ein hat of dy’t omreden fan de koroanakrisis just net trochgeane. It folsleine Nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging is hjirre yn al syn hear en fear te lêzen: Nijsbrief Ried fan de Fryske Beweging july 2020

 

july 29, 2020 22:34
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe de Vries july 30, 09:46

    Jawis. De ‘bestjoerlik-politike’ oanpak hat yn it ferline ek in protte fertuten dien. Kwa bestjoerlik-polityk neat dwaan, bedoel ik. Dat is altyd hiel goed slagge.

    Wêrom net in kop boppe dit stik lykas: ‘Fryske Beweging freget stipe fan âlden foar better Frysk ûnderwiis’?

    Moai trochgean mei de bestjoerlik-politike oanpak, oant der neat mear is om oan te pakken.

  2. Cor Jousma july 30, 16:34

    [Wêrom net in kop boppe dit stik lykas: ‘Fryske Beweging freget stipe fan âlden foar better Frysk ûnderwiis’?]

    It drege punt fan dat sarkasme is fansels dat jo it bern op skoalle net de dupe wurde litte wolle.

    Dêrom hjir de oprop oan alle âlden en pakes en beppes, om de enkête – fan Sis Tsiis – oer it Frysk op ‘e skoalle MEI jo bern of pake-en-beppesizzers yn te foljen. Soks jout no al oan de ûnderwiisynspeksje in byld fan hoe’t it der om en ta giet op harren skoalle.

    https://www.sistsiis.frl

    Dy enkête is fansels net werom te lieden nei de bern of de âlden!

  3. Cor Jousma july 31, 11:28

    Fansels kinne jo in skoalle of in koepelorganisaasje foar de rjochter bringe. Op grûn fan it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ wurdt in organisaasje as de Ried fan de Fryske Beweging sjoen as belangebehertiger, mar wachtsje no earst de útspraak yn de rjochtsaak fan Elzinga – fan om en de by begjin oktober – mar ôf. Dan sil dúdlik wurde oft hy syn ‘rjochtsgelikenens’ by de bestjoersrjochter of by de boargerrjochter bepleitsje moat.

    Om in skoalle oan te pakken moat dy:

    1. him net ferskûlje kinne efter in soad bern mei oare thústalen. Ik soe dus kieze foar in doarp of wyk mei in soad djoere huzen en hege hieren. Te tinken falt oan Suderbuorren dêr’t troch dy omstannichheden gjin asylsikers of statushâlders foarhannen binne.

    2. ferlike wurde kinne mei skoallen dy’t yn dyselde omstannichheden wol in profyl Fryske taal A of B oanbiede.

    It moaiste soe it wêze dat in pear âlden oan dat tou lûke wolle, mar om harren bern te beskermjen kinne sokke âlden of pakes en beppes ek frege wurde om de enkête fan Sis Tsiis mei de bern of pake-en-beppesizzers krekt yn te foljen. Yn dat gefal kin de Ried wol as belangebehertiger de klacht fansels earst by de skoalle mar letter ek by de rjochter bringe.

  4. Abe augustus 2, 15:07

    Jousma tinkt dat it om sarkasme giet, ik tink earder oan wanhope. Yn de Ried hearsket neffens myn waarnimming in firus dat alle gefoel fan urginsje de nekke omdraait. In Meldpunt Frysk Underwiis, in aparte site oer de ‘bêste’ en ‘minste’ skoallen, in wurkgroep net bûten (‘SisTsiis’) mar binnen de Ried, in moanlikse of hearjierlikse Nijsbrief oer Frysk Underwiis, ferslaggen fan petearen mei abbekatekantoaren, ynwûne juridyske advizen, ensafh. ensafh. Mar ik nim oan dat soks allegear noch komt. As de Ried it faksin tatsjinne krigen hat dat de bloedstreamen wer oan ‘e praat krijt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.