‘Raad op 1’ bringt Ljouwerter polityk tichter by boargers

july 31, 2020 12:55

Stedsblêd Liwwadders en de ried/griffy fan de gemeente Ljouwert begjinne op 26 augustus o.s. mei it wykliks tv-programma Raad op 1. De reade tried binne de gearkomsten Open Podium dy’t de gemeente hâldt. Wylst dy live út it gemeentehûs wei útstjoerd wurde, kinne ynsprekkers yn Raad op 1 harren miening jaan. Dat programma wurdt út Grand Café Z oan it Saailân útstjoerd en is te folgjen op www.liwwadders.nl. It wurdt presintearre troch Peter Boomsma. Sintraal yn de útstjoering fan 26 augustus steane it rapport fan de Rekkenkeamer oer it fergunningebelied oangeande eveneminten, Tienskip (jongelju by de polityk behelje) en it briedplakkebelied.

It programma is in inisjatyf fan Andries Veldman fan Liwwadders. It sil foareast in fearnsjier (fjirtjin kear) útstjoerd wurde. Der hat al in proefútsjoering west oer winkels iepen op snein. Gasten wurkje graach mei en de útstjoering is goed ûntfongen. De útstjoeringen wurde ûnder mear oer de sosjaalmediakanalen ûnder de oandacht brocht. Veldman: ‘Ik denk dat we door het maken van een aantrekkelijk journalistiek programma de politiek dichter bij de burger gaan brengen. We brengen als het ware de publieke tribune van de raad, met insprekers en belanghebbenden, naar de kijker toe.’

De gemeenteried stipet inisjativen dy’t de polityk tichter by de boargers bringe. Op de Open Podiumgearkomsten foarôfgeande oan de riedsgearkomsten wurdt oerlein mei ynwenners, ûndernimmers, organisaasjes, ynstellingen en wa’t mear belang hawwe. Der kin ynsprutsen wurde op de ûnderwerpen dy’t op de wurklist fan de ried steane.

Presintator Peter Boomsma (1960) ken Ljouwert troch en troch. Hy hat dêr wurdfierder fan de plysje west. Yn de acht jier dat er yn Weststellingwerf kommunikaasjelieder wie hat er aardich wat politike gefoelichheid opdien.

july 31, 2020 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.