Promenade is werom

july 26, 2020 09:38

Diederik Ebbinge (© NTR Wim-Kluvers)

Fan 2 augustus ôf stjoert de NTR sân sneintejûnen efterinoar in fleurich programma út op NPO 3.

Zomer-Promenade fan Ebbinge & Co wol de minsken dy’t dizze simmer thúsbliuwe en dy’t gjin smjucht hawwe op it dregere Zomergasten op NPO 2, fermeitsje mei in ynformative en sinnige oaze fan mieningen, weetsjes en analyzen. Dêr komme saken as sykte, slavernij en de út-aginda ek yn oan ’e oarder.

Fêste gasten fan Diederik Ebbinge (bekend fan Luizenmoeder) binne Eva Crutzen, Henry van Loon en Ton Kas.

De útstjoeringen begjinne om 21.25 oere.

july 26, 2020 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.