Printeboek fan it jier 2017 ‘De kleine walvis’ no ek yn it Frysk

july 4, 2020 08:39

Ofbylding: Benji Davies/boarne: Afûk

By de Afûk is ferskynd De lytse walfisk, skreaun en yllustrearre troch Benji Davies. Dat boek wie yn 2017 printeboek fan it jier. Underwilens binne der mear as 100.000 Nederlânsktalige eksimplaren fan ferkocht en is it oerset yn mear as fjirtich talen, no ek yn it Frysk. De oersetster is Ytsje Steen.

Boi wennet mei syn heit en seis katten yn in lyts fiskershúske. Op in moarn fynt er in lytse walfisk dy’t op it strân oanspield is. Dat is it begjin fan in bysûndere freonskip…

Yn dit populêre printeboek foar bern fan fjouwer jier ôf komme tema’s lykas iensumens, ôfskied nimme en freonskip op in moaie wize oan bod. De prachtige yllustraasjes fersterkje de tema’s en fertelle it ferhaal. De Fryske edysje fan Ytsje Steen leit no yn de boekhannel.

Boekgegevens
De lytse walfisk | Tekst en yllustraasjes: Benji Davies | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 9493159273 | Ferkeappriis: € 14,99 | www.afuk.nl | www.benjidavies.com

july 4, 2020 08:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rymke Zijlstra july 4, 19:51

    En dit prachtige boek is troch Ytsje Steen yn it Frysk oerset! #neamdeoersetter

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.