Pop-up store Flower Powermerk  yn Ljouwert

july 13, 2020 10:59

Sûnt jierren wurde Flower Powermerken organisearre yn in Ljouwert (Neushoorn), Snits (Keunstesintrum Atrium) en Drachten (De Lawei). Yn Ljouwert is no ek in winkel mei deselde formule: duorsume, lokale, kreative en kleurrike produkten en tsjinsten fan ferskate Flower Powermerk-oanbieders. Der is in wikseljend oanbod op it mêd fan (h)earlik (lokaal) iten, ruiljen, dielen & reparearjen, natuerlike sûnens, grien & sels(foarsjennend) oan ’e slach en kreative & kleurrike libbensstyl.

Sneupe, ynspiraasje opdwaan en shoppe
Der is in grut oanbod fan mei de hân makke produkten, lykas papier, wolingels, stekjeshâlders, sjippe fan ezelinnemolke, feganistyske taarten en lekkers, skilderijen (fan Stephan Jagersma), kleurrike alternative klean en skuon, eigensinnige sieraden, tee op natuerbasis, fairtradeprodukten, natuerlike fersoargingsprodukten, (vintage) húsried, wijreek, edelstiennen, klankskalen, twaddehânsk boeken, apotekers- en keamerplanten, en mear hippe duorsume dingen. Ut de de winkel wei wurde ek tsjinsten oanbean troch terapeuten en masseurs.

Aktiviteiten
Om minsken te ynspirearjen op it gebiet fan in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl binne der ek leechdrompelige workshops en oare aktiviteiten. Bygelyks sluven meitsje fan brûkt papier, leare om planten te stekken, leare oer drake-enerzjy of in fergees numerologykonsult. Der kinne boeken ruile wurde en ek sieguod en plantsjes.

De winkel (Vijzelstraat 4) is sûnt 1 july iepen fan woansdeis oan en mei sneons fan 11.00 oant 17.00 oere. Dat bliuwt yn alle gefal sa oant ein septimber.

Mear ynformaasje is te krijen by Aliette Miedema: info@flowerpower.frl of 06-2509 5819 en te finen op https://www.facebook.com/events/3344300568937684/

july 13, 2020 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.