Plannen Greidhoekekatedraal Lollum

july 12, 2020 10:04

De Stichting Greidhoekekatedraal hat ôfrûne wike yn de eardere Grifformearde tsjerke fan Lollum syn plannen presintearre foar in goeie fjirtich neiste buorlju, frijwilligers en oare belutsenen. Dêrnjonken waard in eksposysje iepene fan skilderijen en tekeningen fan ’e keunsterns Jan Mulder út Sutfen (berne yn 1932) en Gerrit Terpstra út Amsterdam (berne yn 1950). It wurk is te keap en (in part fan) de opbringst giet nei it plan.

Greidhoekekatedraal Lollum (foto Wikimedia Commons)

It gebou is in arsjitektoanysk juwiel en boppedat in unyk monumint foar in stik geastesskiednis, dêr’t Fryslân in belangrike rol yn spile hat. As wy der net om tinke, ferdwynt dat erfgoed folslein út ’e iepenbiere romte.

It plan bestiet út twa parten. Earst wurde ferskate aksjes holden om yn in healjier tiid út ’e mienskip en út it gebrûk fan it gebou € 250.000 te generearjen. Slagget dat, dan kin mei in like hege bydrage fan fûnsen it gebou it grut ûnderhâld krije dêr’t it oan ta is.
It twadde part fan it plan is om, nei it konservearjen fan it kasko, yn it gebou seis smûke wenten mei binnenhôf en toer te bouwen.

Beide parten fan it plan gripe yninoar op in tal aspekten:
1) de oanwêzigens fan in unyk monumint yn in lyts doarp, dat nearne oars sa bewarre bleaun is;
2) de fraach nei grutte, goed te fentilearjen akkommodaasje foar sjongers, musisy, koaren, orkesten, groepen en keunstners yn in tiid fan koroana;
3) de fraach nei wenromte foar húshâldens fan ien of twa persoanen yn in tiid fan stikstofkrisis;
4) it stribjen nei leefberheid yn ’e lytse doarpen yn ’e 21ste iuw.

Hjir is it hiele plan: Greidhoekekatedraal Brosjuere july 2020. De mooglikheden om de tsjerke te brûken of om op in oare manier by te dragen binne dêr ek yn te finen.
Foar fragen, reaksjes of gebrûk kin skille of skreaun wurde mei Liuwe Westra, skriuwer fan de Stichting Greidhoekekatedraal: liuwe.westra@mensa.nl / 06-30837586.

july 12, 2020 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.