Plannen foar Aldeboarn-de Deelen

july 31, 2020 14:41

Middelpunt, nijsblêd foar de midden fan Fryslân, berjochtet dat de gemeente It Hearrenfean mei de provinsje en inisjatyfnimmers fan gebietsoanpak Aldeboarn-de Deelen in stikmannich projekten foar de Erfskipdeal oanmelde sil. Neffens wethâlder Jaap van Veen kinne dêr tal fan kwaliteiten fan Aldeboarn en omkriten mei fersterke wurde.

Yn it ramt fan de provinsjale Feangreidefyzje wurdt yn Aldeboarn-de Deelen wurke oan it ferminderjen fan de negative gefolgen fan de boaiemdelgong en de CO2-útstjit. Dat wurdt safolle mooglik dien yn oerlis mei de bewenners. It grûnwetterpeil moat ferhege wurde en der moatre maatregels nommen wurde mei it each op sawol ekstreme drûchte as ekstra swiere buien, it fersterkjen fan it bioferskaat en it rekreative gebrûk fan it gebiet.

Petgat yn de Deelen tusken It Hearrenfean en Aldeboarn (foto Wikimedia Commons)

Der wurdt no tocht oan in paad fan de Heafeart troch de Deelen nei Aldeboarn, in paad fan Aldeboarn nei de Wide Ie, in pontsje om fan de Wide Ie nei de Alde Feanen te kommen, in nije publykspresintaasje yn De Waach yn Aldeboarn en in ynformaasjemateriaal lykas in boekje en kaarten.

It Erfskipdeal (Erfgoed Deal) is in rykssubsydzje om erfskip en kultuerhistoarje in plak te jaan yn de grutte transysje-opjeften dy’t fuortkomme út klimaatferoaring, enerzjytransysje en befolkingskrimp.

july 31, 2020 14:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.