Pakes comeback (52)

july 24, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Douwe: Pake?

Pake: Ja, bûke.

Douwe: (foar it earst yn tige geef, grammatikaal korrekt en moai útsprutsen – mei sa folle mooglik brekking – Frysk!) Wol pake net ris alle plakjes oanwize, dêr’t pake al dy nijsgjirrige aventoeren belibbe hat, mei dat aaisykjen en dat sletsjeljeppen en dy efterfolgings troch boer Braaksma ensafuorthinne? Ik wol stomme graach ris sjen wêr’t dy skiednissen him doedestiids allegear ôfspile hawwe. As pake op dat seldichste stuit en plak faaks dy ferhalen nochris wer fertelle koe, dan lizze we dy fuortendaliks mei myn nije kamera fêst foar skielk. Sadat jo libbensferhaal foar ivich bewarre bliuwt en troch ús neiteam altyd wer foar it ljocht tsjoend wurde kin. (Hy makket wide gebearten my syn earms) Dy dwingel en dizze boerepleats en dy greiden dêr’t pake altiten omdoarme mei syn freonen. Alteast, wat der dan no noch fan te merkbiten is. En Sybe en de frou, pake kin harren sachs dochs ris freegje oft hja net meidwaan wolle soene oan de filmproduksje dy’t ús foar eagen stiet? Ja, dat moatte we perfoarst dwaan! En oare simmer fleane we net nei it bûtenlân, mar reizgje we yn de fakânsje troch Fryslân en sykje we ús woartels op. En dy lêste skries fan jo komt ek op it portret, al sil de ûnderste stien boppe. En dan hâlde jo dêr in wiidweidich petear by oer ús fersutere lânskip. En fansels moatte jo foar de kamera ek analysearje wat der allegear misbeteard is en hoe’t it better kinne moatte soe.

Pake sjocht o sa ferstuivere en gappet nei de siken.

Douwe: Jo lykje net alhiel mear by jo sûpe en stút te wêzen. Kom ik jo hjirmei oer it mad? Jo gapje suver nei de siken. Ik begryp it wol dat jo wat ferstuivere binne. Mar ik wol jo net ferrifelje, hear. Ik ferkeapje gjin wipwap. Fansels tinke jo, dat is wer in goarre dy’t it bûkemantsje yn ’e besnijing hat. Moarn is him alles wer fergetten en sit er wer te lêbjen. Mar sa sil it dizze kear net beteare, dêr bin ik fan oertsjûge.

Pake: Leave santjin! Eh.. no, dat liket my fet cool! Hea, wa ha we dêr.

Nynke komt, in bytsje bleek en ûnfêst nei bûten.

Nynke: Ik wol in group-hug.

Pake: Wat seit se?

Sytske: Se wol ús oankrûpe.

Douwe: Sis mar in gear-krûp.

De hiele hûshâlding krûpt inoar oan.

Yllustraasje: Dinka den Hollander

De ein fan it stik.

july 24, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.